• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan kop

     

    Alle wat ynwijde dammers sjogge der fansels net frjemd fan op, dat nijeling Sjoerd Huitema nei twa wedstriden allinne oan kop giet yn de twadde klasse. Yn de earste klasse stiet Jelle Wiersma nei twa wedstriden ek op it earste plak. Wy binne der no benijd nei hoe t de einstân ein maart der útsjen sil. Soene de beide koprinners dan ek noch deselde posysje ynnimme? De stikjeskriuwer achtet dy kâns frij grut.

    Huitema naam it op tsjin Bauke Bos, de winner fan de kompetysje fan ferline jier. De lêste hat de damkapasiteiten fan syn tsjinstanner mooglik wat ûnderskatten. Hy hie nammentlik nochal wat praat. Fral praat mei oaren. Dan binne jo fansels net hielendal mei it kopke by it damjen. Sjoerd liet dy praterij mar wat gewurde, mar tocht ûndertusken wol de bêste streken út. Hy foel oan op Bauke syn swakke koarte hoeke. Dat gefaar hat Bos net op ‘e  tiid ynsjoen. Doe t er der wat oan die, wie it te let en koe Sjoerd nei daam strike. Bauke rûn stomp mei syn houtsje rjochting de daamline en koe mar ien ding noch dwaan en dat wie de hân jaan.

    Bauke de Boer hie oan ús dendrochronolooch Paul Borghaerts net sa n bot sterke tsjinstanner. Paul wie der noch net hielendal by nei syn prachtige lêzing oer dendrochronology yn Easterein de wyks dêrfoar. It hout siet him noch yn de kop, mar net it damhout. De Boer wûn maklik, mar dat sil in oare kear as Paul de âlde wer is wol wer oars wêze.

    “Hiel faak spylje ik sa” sei Dicky van der Meer. “En wol gauris win ik it sa!” Bauke Dykstra feroare net om dat praat en striek syn eigen spul as antwurd. Dat hie de man út Nij Beets goed yn it snotsje. Hy helle der nei in set as tweintich der in prachtige flypflap út en pakte sa syn earste winst.

    De beide mannen sieten it langst en strieken in hiele moaie partij. Der waarden gjin rare flaters makke en sa gie it nei it einspul ta. Doe hie Kooistra mooglik noch wat skerper skowe kinnen om der noch in kampke út te heljen. Dat barde net en sa waard Ype Boelens de terjochte winner.

    De twa krukken moasten tsjin elkoar. De iene rûn yn in rinstek en de oare kaam op twa krukken de seal yn strompeljen. Beide wiene se brocht troch harren man. Wy ha it hjir oer Tineke Teigeler en Hennie de Haan. De lêste mei in nije knibbel en Tineke mei in plaat en in pinne yn de heup. Mar se wienen der! De strikers hiene harren mist de twa earste jûnen. Doe koe it fansels net. Se dammen in moaie partij wêryn Hennie de boppelizzende partij wie en it ek sadanich útmakke.

    Utslaggen: Bauke de Boer – Paul Borghaerts 1 – 0; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Sjoerd Huitema – Bauke Bos 1 – 0; Bauke Dykstra – Dicky van der Meer 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch