• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Twa froulju binne dy Bauke Bos net te mânsk?

     

    It kaam yn de twadde klasse net moai út. As se allegearre tsjin ien damje soenen, dan soe der ien oerbliuwe. Bauke Bos bea oan om tagelyk tsjin de beide froulju te damjen. Dy froulju binne hjir ferline wike noch delsetten as de twa krukken. Tineke Teigeler rûn yn in rinstek en hennie de Haan krukke op twa steunen. Bauke sil fêst tocht ha, dat er it wol oprêde soe tsjin de froulju, dy t dochs al wat út har gewoane dwaan binne. Mar dochs: Soene dizze beide froulju Bauke net te mânsk wêze?

    De kampioen fan de twadde klasse woe mooglik ek net ûnder dwaan foar jelle Wiersma, dy t ek wol tsjin twa dammet. Hoe dan ek, de dammers sette harsels te plak en it spul gie los. Bauke siet foar syn dwaan yn it spul. Heardest him minder praten as de wyks dêrfoar. Dat wie mar goed ek, want ferline wike siigde dy praterij him noch raar ta de boksen yn. No sloech hy daliks foar master op. Tineke moast er as earste oan geloveWylst er har geweken naam, rekke er tsjin Hennie wol in houtsje achterop.  No t Tineke ôffallen wie, koe er him hielendal op Hennie rjochtsje. Dat die er fakkundich. Hy liet wol efkes sjen dat hy de kampioen is. Hoe it krekt om en ta gie, wit de skriuwer net, mar hy wit wol dat sa mar ynienen Hennie gjin poat mear hie om op te stean. Bauke wûn! Hy wie de twa froulju te mânsk.

    Fjirtjin dagen lang hat er mei syn dambuordsje oan de Middellânske See yn Spanje sitten te trainen, om de kompetysje mei faasje en sukses útein te setten. Wy ha it hjir oer Sjoerd Jan Bakker, al like lang lid as de klup âld is. Tsjinoer him kaam Dicky van der Meer te sitten. Dy lêste doart wol te striken. Meastal binne syn partijen ryk oan loopkes en flypflappen. Moandeitejûn wie dat net oars. In partij om fan te “smullen”. Meastal rêdt Sjoerd Jan Bakker him dêr altiten hiel sterk út. No net. De stiene noch in njoggental houtsjes fan elk op it boerd, mar Bakker koe gjin kant mear út. Hiel ûngewoan yn it fryske Spul. Noch in skoftke hat er der op omstind en doe joech er de hân.

    Utslaggen: Sjoerd Huitema – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1: Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Dykstra ½ - ½.



    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Noflik
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch