• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Jelle Wiersma nije damkampioen

    De finale fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul, sneon ferspile yn Hartwert, hie net in spannender ferrin hawwe kind. Nei fiif omlopen stiene Jelle Wiersma fan Wommels en regearjend kampioen Taeke Kooistra fan Hartwert noch sûnder puntferlies gelyk boppeoan. Yn 'e sechsde omloop stie dan de topmoeting tusken de beide dammatsjedoaren op it programma. De mannen giene de striid net út 'e wei, mar namen fansels ek wer net de aldergrutste risiko's. It gong eins hyltyd lykop, oant Kooistra in winnende fuortsetting oer de kop seach. Kamp dus.

    De sande en lêste omloop moast doe de beslissing bringe. Beide favoriten hiene it dreech, mar Eastereinder Stoffel Bouma liet it op in stuit wat fersloffe, dat Wiersma koe fêst in pilske pakke en ôfwachtsje hoe't syn konkurrint it der ôfbringe soe. Dy kaam der tsjin Folkert Groenveld (Jutryp) net al te geunstich op te stean. Hy moast op in stuit sels in hout offerje om noch spul te hâlden, mar doe wie it yn wêzen al beslikke. De grutte favoryt, mei al 15 kampioenskippen efter syn namme, hie it net opret. Foar Wiersma wie de heechste eare oars ek net hielendal frjemd. It wie syn fjirde kampioenskip, en dat waard net 2008 ek wol ris wer tiid.

    Sa spannend as it yn 'e kampioensklasse wie, wie it yn 'e oare klassen net. By de twadde acht stie de promoasje fan Foeke Tiemensma (Frjentsjer) der al oan te kommen. Hy wurdt beselskippe troch Waaksenser Marten Walinga, dy't nei syn off-day fan ferline wike wer hielendal weromkaam. By de tredde acht sleat Willem Hoekstra fan Aldegea SWF syn ferrassend sterk optreden fan dit jier yn styl ôf troch neiste konkurrint Cor Kooistra (Nijlân) der ûnder te hâlden. Hein de Vries bekroane in foech come-back ek mei in promoasje. De tredde acht wurdt takom' jier oanfolle mei it jeuchlike talint Harmen Westra fan Lollum, dy't de haadklasse A op syn namme skreau.

    Utslaggen en einstannen
    Kampioensklasse, 6de omloop: Jelle Wiersma (Wommels) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Folkert Groenveld (Jutryp) - Stoffel Bouma (Easterein) 1-0; Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Augustinus van der Goot (Snits) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0,5-0,5.
    7de omloop: Kooistra - Groenveld 0-1; Bouma - Wiersma 0-1; Bakker - Walinga 0-1; Van der Goot - Haanstra 0-1.
    Einstân nei 7 omlopen: 1. J. Wiersma 6,5; 2. T. Kooistra 5,5; 3. F. Groenveld 4,5; 4. H. Haanstra 4 (19); 5. A. vd Goot 4 (16); 6. S. Walinga 2; 7. St. Bouma 1; 8. S.J. Bakker 0,5.

    Twadde acht, 6de omloop: Sjoerd Couperus (Snits) - Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Tjerk Wijbinga (Arum) - Kees Tijssen (Reduzum) 0-1; Germ Terpstra (Easterein) - Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 1-0; Foeke Tiemensma (Frjentsjer) - Dicky van der Meer (Terherne) 1-0.
    7de omloop: Walinga - Wijbinga 1-0; Tijssen - Couperus 0,5-0,5; Van der Meer - Terpstra 0-1; Hoogterp - Tiemensma 0-1.
    Einstân: 1. F. Tiemensma 6,5; 2. M. Walinga 5; 3. G. Terpstra 4 (22,5); 4. K. Tijssen 4 (19); 5. P. Hoogterp 3; 6. Tj. Wijbinga 2,5; 7. Sj. Couperus 2; 8. D. vd Meer 1.

    Tredde acht, 6de omloop: Willem Hoekstra (Aldegea SWF) - Cor Kooistra (Nijlân) 1-0; Hein de Vries (Ljouwert) - Fedde Wiersma (Easterein) 1-0; Bauke Dijkstra (De Tynje) - Liuwe Westra (Lollum) 1-0; Klaas Wiersma (Nijbeets) - Jappie de Jong (Blauhús) 1-0.
    7de omloop: Kooistra - De Vries 0,5-0,5; F. Wiersma - Hoekstra 0,5-0,5; De Jong - Dijkstra 0-1; Westra - K. Wiersma 0-1.
    Einstân: 1. W. Hoekstra 6,5; 2. H. de Vries 5,5; 3. C. Kooistra 4,5; 4. K. Wiersma 4; 5. B. Dijkstra 3; 6. F. Wiersma 2 (17,5); 7. L. Westra 2 (5); 8. J. de Jong 0,5.

    Hoofdklasse A, 2de omloop: R.J. Walinga (Oudega SWF) – Harmen Westra (Lollum) 0-1; Marcel Altena (Blauwhuis) – Piet Sikma (Hartwert) 0-1.
    3de omloop: Piet Sikma (Hartwert) – Harmen Westra (Lollum) 0-1; R.J. Walinga(Oudega SWF) -Marcel Altena(Blauwhuis) 1-0.
    Einstân: 1. H. Westra 2; 2. R.J. Walinga 2; 3. M. Altena 1; 4. P. Sikma 1



    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch