Oprop Littenseradielpartij
Op e tiisdeitejûnen 7 en 14 novimber sil wer de Littenseradielpartij ferspile wurde. Ynset, njonken de tradysjonele fleisprizen, is it IEPEN kampioenskip fan Littenseradiel. Net-ynwenners fan dy gemeente kinne dus ek meidwaan.
De dielnimmers wurde yndield neffens spylsterkte, safolle mooglik yn groepen fan acht. Dêrbinnen jildt it Switsers systeem. Yn totaal wurde fjouwer partijen spile, mei hyltyd 45 menuten op e klok.
De prizen lizze yn e konsumptive sfear.
It is dit jier in bysûnder toernoai, want as gefolch fan e gemeentlike weryndieling is it de lêste kear dat de winner him kampioen fan Littenseradiel neame mei.
Opjefte kin by Willem Dykstra, 06-28655441. Plak fan hanneling is it wrâldferneamde kafee "Het Wapen van Baarderadeel" yn Jorwert. It begjint beide jûnen om healwei achten.
<< Werom
|