• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Tineke stiet ien efter en stiet ien foar.

    Noch altiten rint Tineke Teigeler yn in rinstek. Har man moat har nei it damjen bringe en wer ophelje. Ja it is wat as jo de heup stikken hân ha. Dan binne jo net sa mar ien twa trije wer de âlde. Damje dat kin se noch wol, allinne hellet se lang net altiten út har stân wat der yn sit. Moandei hie se wer sa’n partij. Se rekke in houtsje kwyt en in pear streken letter stie se ien foar.

     

    Ja dat gie wat apart. Tsjinstanner bauke de Boer seach ek wol efkes raar op syn noas, doe’t er fan ien foar sa mar ien efter rekke.Tineke feroare suver wat mei dat iene houtsje foar. Net dat dy feroaring no sa sear yn har foardiel wie. Nee se skode sa no en dan fan dy frjemde houtsjes. Sadwaande kaam se der op it lêst op te stean as in brijwein. De Boer fan de fiif spul noch mar ien ferlern en dat kaam ek noch troch in rare blunder, spilet dit jier sterk. Teminsten, hy is sterk út de startblokken gien. No strafte er Tineke har net al te sterke streken sûnder ek mar in  greintsje moederaasje ôf. Sa bedarre Tineke fan de souder wer op de grûn en koe se nei puntsje of in heal puntsje fluitsje.

     

    Moandeitejûn is besletten dat de earste en twaddeklassers ien partij tsjin inoar spylje moatte. It docht hiel faak bliken dat de yn beide groepen in ûneven oantal dammers is. Dan dogge de twa oerbliuwers tsjin inoar. No wurdt dat offisjeel. Bauke Bos spile dêrom om de punten tsjin Sjoerd Jan Bakker. It waard in moaie partij en Sjoerd moast der alles úthelje om te winnen. No moat der by sein wurde, dat er tagelyk noch mei Ype Boelens ôfrekkenje moast. Dat slagge ek. Sadwaande stapte de man mei twa punten yn de bûse op syn fytske nei Snits. Tegearre ried er mei Sjoerd Huitema op, dy’t Hennie de Haan de baas wie. Dat hat fêst in fleurich fytstochtsje west.

     

    Utslaggen: Bauke de Boer – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Sjoerd Huitema 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Dykstra – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch