• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn de FK.

    Mei de yntree fan de Fryslân Kup binne der al in soad moaie partijen ferspile en ûnferwachte útslaggen ta stân kommen. Moandeitejûn spilen fjouwer Strikers thús foar de Kup. De partij dêr’t de spilers it langste oer dienen, wie dy tusken Bauke Bos en Marten Walinga. Fergelykber mei in bekerwedstriid tusken Spakenburch en Feijenoord. De rapen binne fansels dan goed gear as Spakenburch wint. Sa ek mei de bewuste dampartij tusken in earste klasspiler en in topper út de eareklasse. Bauke Bos kaam as in winner út it striidperk.

     

    Dat de Fryslân Kup wat ekstra’s jout oan it damjen, is sa stadichoan wol dúdlik. It bringt wat ekstra libben yn de brouwerij. Sa wie dat moandeitejûn ek. Fjouwer moaie partijen mei as dy iene útsjitter. In protte totospilers, nei alle gedachten allegearre, sille de útslach fan dizze partij ferkeard ynfolle ha. Bauke Bos sels ek. Hy hie net rekkene op dit stik bûter yn de brij. De partij gie aardich lyk op, mar sa’n bytsje by it begjin fan it echte einspul, makke marten in grouwélige flater. Sels hie er it fuort yn de de gaten, doe’t er syn houtsje út de lange hoeke skode. De omstanners seagen inoar freegjend oan. Hoe kin er dat no dwaan. Bauke seach it net, hy hie der totaal gjin rekken mei holden dat Walinga sa nei de barebysjes gean koe. Hy die dan ek in oare streek. Ek goed dêr net fan, mar ja it hie út wêze kinnen. Likegoed gie Bauke ûnfersteurber troch mei it spul, wylst er hearde dat it oars kinnen hie. Hy liet him net fan de wize bringe en doe’t er yn de einfaze noch in kear de kâns krige om ta te slaan, die er dat op in foar Marten deadlike wize. De lokwinsken stroffelen hast oerinoar hinne yn de bar fan it Swettehûs. Wat net ien ferwachte, waard werklikheid.

     

    Der waard fansels ek noch foar de kompetysje damme. Ien opfallend ding wie dat de froulju it op ‘t heden net hâlde kinne tsjin de manlju yn de twadde klasse. Hennie koe it net oprêde tsjin Sjoerd Huitema en Tineke joech Paul ek te min partij. Willem Schaap spile tsjin twa: Bauke de Boer en Sjoerd Jan Bakker. De earste wûn er en yn de twadde wie Bakker úteinlik de sterkste. Bauke Dykstra en Ype Boelens ha der net sa lang oer dien om de partij ta de ein te bringen. Ype is in bytsje oer syn hichtepunt hinne sa liket it wol. No al in pear kear fersjocht er him raar. Dat wie moandei ek it gefal.

     

    Utslaggen: Sjoerd Huitema – Tineke Teigeler 1 – 0: Paul Borghaerts – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 1 – 0; bauke de Boer – Willem Schaap 0 – 1; Bauke Dykstra – Ype Boelens 1 – 0; Fryslân Kup: Sietse de Jong – Jelle Wiersma 0 – 1; Dicky van der Meer – Siebe Walinga 0 – 1; Cor Kooistra – Jurjen Frankena 1 – 0; Bauke Bos – Marten Walinga 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Narwal
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • Wiersma Wommels
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch