• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Yn in flok en in sucht makken de Strikers dien wurk

    De namme Stadige Strikers waard moandeitejûn net folle ear oandien. Nee it stadige wie der by de measte dammers net by. It gong gewoan hurry up. Boppedat wiene der ek ferrassende útslaggen. De meast bysûndere wie de winst fan Dicky van der Meer op Jelle Wiersma. De earste makke ek yn in mum fan tiid dien wurk. Jelle is wol gauris de earste dy’t út is. Dat wie moandeitejûn net oars. Faak stapt er dan as winner efter it boerd wei. Dizze kear dus net. Dicky dy’t hiel sterk damjen faak ôfwikselet mei swakkere mominten, sloech diskear ferwoastend ta. Mei in hiele moaie kombinaasje stjoerde er Jelle mei lege hannen nei hûs ta. In moaie opstekker fan de man út Terherne.

     

    It earste spul tsjin Sjoerd Huitema, de nije oanwinst en talint, wûn Bauke de Boer. Dat is no in wike as fiif lyn. De twadde partij gie De Boer sa maklik net ôf. Mooglik struts er wat te dryst en wie er noch net earlik oertsjûge fan de kwaliteiten fan syn tsjinstanner, oars hie er mooglik wat better oer syn fatale streek neitocht. Hy tocht wol, mar krekt in houtsje ferkeard. Hy miende dat it nei in ôfruil lyk wêze soe. Doe’t de slach fan trije om fjouwer troch Huitemaútfierd wie, seach De Boer syn flater. Hy leaude der doe eins ek net mear yn. Dêr hie er wol gelyk oan, mar hy hie noch wol wat mear tsjinpartij jaan kinnen. Nei in pear ôfruiltsjes siet Sjoerd hielendal op roazen.

     

    De froulju by de Strikers ha it op ’t heden mar dreech. No joech mar ien frou acte de presence: Hennie de Haan. Sy moast it dwaan tsjin de man, dy’t mei in protte moraal (sizze se by it hurdfytsen) efter it boerd sitten gie. Him koe hast neat mear barre. Hy hie ommers ferline wike noch Marten Walinga ferslein. Hennie seach ek al wat bleek om it snútsje, doe’t se hearde dat se tsjin Bauke moast. Om in lang ferhaal koart te meitsjen: Bauke die in geweldige úthaal dy’t oan it spul fan de ferstoarne Germ Terpstra tinken die. It wie foar Hennie fuortendalik sa út as poepkak. Dus dy partij wie ek gau beslikke, al foar it twadde bakje kofje. De ein fan de twa oare spullen liet ek net sa lang op him wachtsje, en sa koe it barre dat de Strikers foar de sjongers, De Martini Kantorij, it Swettehûs út giene.

     

    Utslaggen: Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Bauke de Boer – Sjoerd Huitema 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    Dizze webside is mei mooglik makke troch