• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Foeke Tiemensma lĂȘste kampioen fan Littenseradiel

     

     

     

    Der hong by de priisútrikking dan dochs wat in sfear fan mankelikens ûnder de balken fan kafee "Het Wapen van Baarderadeel" yn Jorwert. It hie de lêste kear west dat der om it kampioenskip fan Littenseradiel damme waard. Yn 2018 wurdt dy gemeente nammentlik opdoekt, dat dan komt in kampioenskip ek yn e loft te hingjen. Sûnt de oprjochting fan e gemeente yn 1984 is dêr no dus nei 32 kear in ein oan kaam. En eins hat dit kampioenskip in noch folle langere histoarje, want yn 1942 wie der al in kampioenskip fan Baarderadiel. Winner waard doe Folkert van der Werff, dy t soks yn 1997, mar leafst 55 jier letter, nochris wer flikte.

     

    As lêste yn e rige pakte Foeke Tiemensma it kampioenskip. Folslein terjochte. De Frjentsjerter wûn alle fjouwer partijen, en weefde yn e tredde omloop op superieure wize mei neistekonkurrint Marten Walinga ôf, mei in prachtige kombinaasje, dêr t Walinga wol even de sportive hoed foar ôfnimme woe. Dat de Waaksenser sa fier kommen wie, wie likegoed al in lyts wûnderke. De earste jûns moast er nammentlik earst noch út Rotterdam komme. Pûstend op e lêste diseldampen kaam er yn Jorwert oan, dêr t de al yndrukte klok him noch minder as tsien menuten joech. Dochs slagge it him om al fluchdamjend Dicky van der Meer te ferslaan. Dy Terhernster hie yn Jorwert syn dagen dochs al net, want hy ferlear alles. De earste jûns like it mei Folkert Groenveld oars deselde kant út te gean, mar tanksij in weropstanning op e twadde jûn fan it toernoai bedarre Folkert noch yn e middenmoat, mei likefolle punten as Cor Kooistra, mar dy koe tanksij in better SB dan krekt wol it fleispakket fan e tredde priis yn ûnfangst nimme.

     

    Yn e B-klasse begûn Siebren Dyk mei in ferliespot. Yn e tredde omloop wûn er lykwols fan neiste konkurrint Douwe Namminga, en dat smiet úteinliks tanksij in geunstiger SB de earste priis op. Nûmer ien yn e C-klasse waard de Jorwerter Jelte Dykstra. Hy moast allinnich oan syn oerbuorman Mathieu van den Bogaard in kampspul tastean, dat nammers ek it iennichste lykspul wie fan it hiele toernoai.

     

    It Littenseradieltoernoai hie dit jier wat minder dielnimmers as de lêste jierren. Tsjinoer it ideale spyltempo fan 45 menuten hat it as neidiel dat de dammers twa jûnen beskikber wêze moatte. Dat slagge sels twa bestjoersleden fan it organisearjende OKK dit jier net. Likegoed is de stimming yn Jorwert wol sa dat der sterk oer neitocht wurdt om de rige mar gewoan fuort te setten. Mar om hokker kampioenskip der dan yn 2018 damme wurde sil, dêr is ynearsten noch ûnwissigens oer.

     

    Einstannen Littenseradielpartij 2017 (by in gelikens tal punten besliste it SB):

    A-klasse: 1. Foeke Tiemensma, Frjentsjer 4 punten; 2. Marten Walinga, Waaksens 3; 3. Cor Kooistra, Nijlân 2; 4. Folkert Groenveld, Jutryp 2; 5. Rinze Schukken, Hilaard 1; 6. Dicky van der Meer, Terherne 0.

    B-Klasse: 1. Siebren Dyk, Jorwert 3; 2. Douwe Namminga, Winsum 3; 3. Fokke Looijenga, Weidum 2; 4. Jan Nauta, Bitgummole 2; 5. Frans KIngma, Jorwert 1.

    C-klasse: 1. Jelte Dykstra 2,5; 2. Bonne Hylkema, Jorwert 2; 3. Gertjan van Kamp, Jorwert 2; 4. Mathieu van den Bogaard, Jorwert 1,5; 5. Emke Dykstra, Sint Nyk 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch