• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Dicky van der Meer hat no al mear punten as it totaal fan ferline jier.

    Ferline wike fersloech er op moandeitejûn Jelle Wiersma en in dei letter ferlear er twa yn Jorwert en moandei lêstlyn fersloech er Cor Kooistra. Yn de kompetysje hat er no al moai wat puntsjes byinoar fandele. Dicky van der Meer oer him haw wy it, hat no al mear punten as yn it hiele lêste seizoen. Moandeitejûn antwurde hy mei in sterke tsjinset op de iepening fan Kooistra. De lêste like der suver wat mei oan te wêzen en it duorre ek lang ear’t er mei in streek kaam. Dy streek wie efternei net de allersterkste: Hy krige in houtsje frij wat midden op it boerd. Van der Meer stie der op as in blok beton. In dûbele rige hie dy yn de ferdigening. Kooistra fjouwer om fjouwer ôf om wat lucht te krijen, mar dêrmei krige er ek in hiele swakke koarte hoeke. Op in bepaald stuit tocht Dicky dat er it ek noch fergriemd hie. Dat hie bêst kinnen as er wat minder sterk strutsen hie. Beide krigen se in daam. Van der Meer hie dêrby de stipe fan trije houtsjes en Kooistra fan twa.Op dat stuit wie der foar de foarsitter eins gjin salve mear oant te striken. Nei in pear streken koe er de hân jaan.

     

    Ype Boelens moast syn twadde partij tsjin Jelle Wiersma. De earste ferlear er op 16 septimber. No soe er der wer tsjin oan. Hy wit hoe’t it fielt om fan Jelle te winnen. Dochs siet it der diskear net yn. Jelle hoegde net oant de einfaze te wachtsjen om ta te slaan. Nee dat die er al efkes earder. Mei in moaie slach rûgelen Ype syn swarte houtsjes as heilstiennen fan it boerd. By Sjoerd Jan Bakker en Bauke Dykstra rûgele der neat. Nee beide hearen holden inoar aardich yn it lykwicht. No binne wy it wol wend, mar ek dizze jûn spriek Bakker út dat it mei him net goed kaam. Hy soe it oa n alle kanten en einen ferlieze, sa wie it boadskip. Apart is it, dat it wol kamp waard. No kin it fansels wêze dat Sjoerd Jan in kamp as in nederlaach besjocht. 

    Der waard ek foar de Fryslân Kup damme. Gast Epke Bootsma út Blauhûs moast tsjin Willem Schaap. Dat wie net in partij dy’t yn in slach en in stjit út wie. Nee der waard fan beide kanten striid levere. Willem hie yn elts gefal in klear as in bellefleur. Dat betsjutte dat er it net sa maklik hie. Dochs soe it foar him noch goed ôfrinne.

     

    Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Paul Borghaerts – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Bauke Bos – Sjoerd Huitema 0 – 1; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 0 – 1. Fryslân Kup:  Willem Schaap – Epke Bootsma 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Rabobank
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch