• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Skearnegoutum winner fan drokbesette mini

     

     

     

    It wie ien stik drokte, freedtejûn op e boppeseal fan "Het Wapen van Baarderadeel" yn Jorwert. Mar leafst tolve fjouwertallen hiene har opjûn foar it miniklupkampioenskip. Itwie in gekrioel fan dammers, om der oerhinne te kommen rekke spullieder Harry Kaspers troch it ûntbrekken fan in mikrofoan syn stim sels hast kwyt. Of kaam dat omdat erdapperwei der wat Ytaljaanske wurden trochhinne mjukse? Hawar, oan e ein wûn Skearnegoutum.

     

    It wie lang lyn dat der by de miniklupkampioenskippen 48 dammers efter de buorden sieten. Neffens lju mei in goed ûnthâld moat dat foar it lêst yn it begjin fan e njoggentiger jierren west ha, doe t de mini noch gewoan sneon oerdeis holden waard. Dit jier wie de opjefte al gau hiel behoarlik. Op De Gaastmar nei wiene alle klups fertsjintwurdige en Hartwert, Skearnegoutum en it pleatslike Jorwert hiene ek in twadde ploech ôffurdige. Dat makke al 9 tiims. Mar dêroerhinne kaam it tafallich sa út dat der bern út it Ytaljaanske Aosta yn it lân wiene dy t de tongersdeis (mei sukses!) te gast wiene by it toernoai foar skoalbern yn Tresoar. Dy Ytaljanen woene yn Jorwert ek wol meidwaan, ek al wiene se eins allinne mar de fiif-om-fiif-fariant FRYSK! wend. Dat betsjutte dus, ynklusyf meispyljende begelieders, noch twa ploegen der by. En doe woene de ûnderdak jaande Blauhúster bern ek net benefter bliuwe. 

     

    Sa kaam it totaal op 12 ploegen, in perfekt oantal foar de wenstige fiif omlopen mei 15 menuten op e klok. Dat de gasten út it noardwestlike puntsje fan Ytaalje gjin potten brekke koene, sil net ien fernuverje. Likegoed slagge it Aosta Uno der yn om fan har Blauhúster leeftiidsgenoaten te winnen, ek noch wol mei 4-0. Yn de B-klasse wie Hartwert II (mei Jesse Jan Boschma, Herman Terwisscha van Scheltinga, Piet Sikma en Germ Bruinsma) oars fierwei it sterkste. De mannenhoegden mar ien buordpuntsje oan Skearnegoutum ta te stean, dat wie alles. De Skearnegoutumers wiene ek wer te sterk foar de rest, dus ek foar Jorwert II.

     

    Folle spannender wie it eins yn e A-groep, want de ploegen sieten dêr ticht by elkoar. Inkeld Blauhús liet it wat sitte, almeie dy mannen fansels grutsk wêze op it lykspul tsjin Hartwert. Dat koste Hartwert mooglik ek it kampioenskip, want de lykspullen tsjin Lollum en Skearnegoutum smieten har krekt te min buordpunten op. De Hartwerters kamen dus net fierder as 3,5 punten, likefolle as Skearnegoutum, dat wer belies joech tsjin Lollum. Dat lêste wie ferrassend, want earsteboerdspylder Foeke Tiemensma moast it fierders dwaan mei trije Westra s, en dêrfan komme Harmen en Jeljer optheden net safolle oan spyljen ta.

     

    Der wie noch in tredde sterke ploech dy t him goed warde, en dat wie Aldegea, de minikampioen fan 2016. De ûnderste buorden hiene mei Folkert Attema en Sietze de Jong lykwols net hielendal in topbesetting, en dat bruts de Aldegeasters tsjin Hartwert en Skearnegoutum op. Doe t de krûddampen oplutsen wiene, die bliken dat Skearnegoutum, besteande út Jelle Wiersma, Dicky van der Meer, Cor Kooistra en Bauke Dykstra,  krekt ien luzich buordpuntsje mear hie as Hartwert. Sadwaande gong de wikselskaal foar de safolste kear nei it Swettedoarp. 

     

     

     

     

     

    Utslaggen en einstannen fan groep A:

    Omloop 1: Aldegea - Lollum 3-1, Skearnegoutum - Blauhús 3-1, Hartwert -Jorwert 3-1.

    Omloop 2: Jorwert - Aldegea 0-4, Blauhús - Hartwert 2-2, Lollum - Skearngoutum 2,5-1,5.

    Omloop 3: Skearnegoutum - Jorwert 4-0, Aldegea - Hartwert 1-3, Lollum - Blauhús 2,5-1,5.

    Omloop 4: Hartwert - Skearnegoutum 2-2, Jorwert - Lollum 3-1, Blauhús - Aldegea 1-3.

    Omloop 5: Aldegea - Skearnegoutum 1,5-2,5, Lollum - Hartwert 2-2, Blauhús - Jorwert 1-3.

    Einstân: Skearngoutum 3,5 (13 buordpunten); Hartwert 3,5 (12); Aldegea 3 (12,5); Lollum 2,5 (9); Jorwert 2 (7); Blauhús 0,5 (6,5).

     

    Groep B, omloop 1: Skearnegoutum II - Blauhús II 4-0, Hartwert II - Jorwert  II 4-0, Aosta uno - Aosta due 3-1.

    Omloop 2: Aosta due - Skearnegoutum II 0-4, Jorwert II - Aosta uno 4-0, Blauhús II - Hartwert II 0-4.

    Omloop 3: Hartwert II - Aosta due 4-0, Skearnegoutum II - Aosta uno 3-1, Blauhús II - Jorwert II 0-4.

    Omloop 4: Aosta uno - Hartwert II 0-4, Aosta due - Blauhús II 1-3, Jorwert II - Skearnegoutum II 1-3.

    Omloop 5: Skearnegoutum II - Hartwert II 1-3, Blauhús II - Aosta uno 0-4, Jorwert - Aosta due 3-1.

    Einstân: Hartwert II 5 (19); Skearnegoutum 4 (15); Jorwert II 3 (12); Aosta uno 2 (8); Blauhús II 1 (3); Aosta due 0 (3).

     

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Noflik
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Lip en partners
    Dizze webside is mei mooglik makke troch