• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Jo kinne je it apesoer skrikke.

    As jo sa mar troch in setsje, dat je net seagen in pear houtsjes efter reitsje, dan kinne jo raar skrikke. Men soe miskien tinke dat soks net foarkomme kin by sa’n spultsje as damjen. Dan hawwe jo it goed mis. It is soms echt jin it apesoer skrikke. "Dat hiest altiten winne moatten!” sei de tsjinstanner en noch in pear fan it omsittend laach knikten ynstimmend. Dat wie dus even goed skrikken fan de man, dy’t miende dat it rjochts of links om altiten kamp wurde soe. Nei dat de twa âlde krigers inoar de hân jûn hiene, kamen de houtsjes wer op it boerd. Fan alle kanten is it besjoen en doe die it bliken dat it oer alle einen en kanten kamp wie. Dat wie in hiele opluchting foar Cor Kooistra. Hy miende al dat er it goed berekkene hie. Likegoed skrok er wol fan de uteringen fan de mannen. Yn it bysûnder fan tsjinstanner Sjoerd Jan Bakker, dy hat it oars faak by it rjochte ein as it om it einspul giet.

     

    Sjoerd Huitema skrok fansels ek nochal bot. Hy hie it setsje fan Hennie de Haan net sjoen. Fan gefolgen rekke er in houtsje kwyt. Boppedat stie Henny net ûngaadlik. It wie in spul wêr’t muzyk yn siet. Dan foaral foar frou De Haan. Nestor Bauke de Boer seach de mooglikheden foar Henny en hy woe it hat wol ta skreauwe: “Toe je dy moast dwaan!” Dat mei fansels net. Mooglik wie se ek wol wat senuweftich: in houtsje foar, miskien kin ik wol winne. Hoe dan ek se ferknoeide sels har kânsen troch in wol hiel minne streek. It wie krekt of sette se de doar wiid iepen en rôp: “Kom mar Sjoerd!” No dat die er. Nei de slach hie hy net mear ien minder, mar ien houtsje mear. Doe koe Hennie it wo ferjitte fansels. Spitich foar har, mar in gelokje foar Sjoerd.

     

    Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra ½ - ½; Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1; Sjoerd Huitema – Hennie de Haan 1 – 0;Dicky van der Meer – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Bauke de Boer ½ - ½.



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Walinga
    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    Dizze webside is mei mooglik makke troch