• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Topspanning yn damkampioenskip

    Yn it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul binne no fiif omlopen ferspile, en de spanning rint op. De man dy't al 15 kampioenskippen efter syn namme te stean hat, Taeke Kooistra fan Hartwert, is it wend dat er yn dizze faze al in moaie foarsprong opboud hat. Dit jier is dat net sa. Wis, Kooistra hat oant no ta alles wûn, mar Jelle Wiersma fan Wommels hat dat ek. Kommende sneon stiet yn 'e sechsde omloop de beslissende partij tussen beide mannen op it programma. Mocht it kamp wurde, dan hat Wiersma miskien noch wol de bêste kânsen. Alteast, op papier liket Folkert Groenveld in dreger tsjinstanner as Stoffel Bouma, dêr't Wiersma yn 'e lêste omloop mei ôfweve moat. Soe it Frysk damjen nei jierren wer ris in oare kampioen krije?

     

    Groenveld moat dan lykwols wol better damje as ôfrûne sneon yn Lollum. Tsjin Henk Haanstra helle er noch in heal puntsje, mar tsjin Augustinus van der Goot gong er kopke ûnder. Van der Goot stiet no op it tredde plak, mar mei syn twa punten efterstân is er gjin gefaar mear foar de beide koprinders.

     

    Yn 'e twadde acht wie it gehakdei foar de beide favoriten Marten Walinga en Tjerk Wijbinga. Beiden ferlearen har partij tsjin de Frjentsjerter Foeke Tiemensma, en beiden bleauwen tsjin de ferrassende Pieter Hoogterp (De Gaastmar) ek al mei de nul sitten. Tiemensma hat yn dizze klasse no in riante foarsprong fan oardel punt.

     

    Yn 'e tredde acht is Aldegeaster Willem Hoekstra noch sûnder puntferlies. Sa wûn er sneon fan Bauke Dijkstra (De Tynje) en Jappie de Jong (Blauhús). Cor Kooistra (Nijlân) moast troch in misstap tsjin Klaas Wiersma (Nijbeets) even ôfheakje, mar is mei Hein de Vries (Ljouwert) noch net kânsleas.

     

    Utslaggen en stannen

    Kampioensklasse, fjirde omloop: Augustinus van der Goot (Snits) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5; Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Stoffel Bouma (Easterein) 0-1.
    Fiifde omloop: Kooistra - Haanstra 1-0; Groenveld - Van der Goot 0-1; Wiersma - Bakker 1-0; Bouma - Walinga 0-1.
    Stân: T. Kooistra 5; J. Wiersma 5; A. vd Goot 3; F. Groenveld 2,5; H. Haanstra 2,5; St. Bouma 1; S. Walinga 1; S.J. Bakker 0.

     

    Twadde acht, fjirde omloop: Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Marten Walinga (Waaksens) 1-0; Foeke Tiemensma (Frjentsjer) - Tjerk Wijbinga (Arum) 1-0; Germ Terpstra (Easterein) - Sjoerd Couperus (Snits) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) - Kees Tijssen (Reduzum) 0-1.
    Fiifde omloop: Walinga - Tiemensma 0-1; Wijbinga - Hoogterp 0-1; Couperus - Van der Meer 0-1; Tijssen - Terpstra 0,5-0,5.
    Stân: F. Tiemensma 4,5; P. Hoogterp 3; M. Walinga 3; K. Tijssen 2,5; Tj. Wijbinga 2,5; G. Terpstra 2; Sj. Couperus 1,5; D. vd Meer 1.

     

    Tredde acht, fjirde omloop: Liuwe Westra (Lollum) - Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; Klaas Wiersma (Nijbeets) - Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Bauke Dijkstra (De Tynje) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1; Jappie de Jong (Blauhús) - Fedde Wiersma (Easterein) 0,5-0,5.
    Fiifde omloop: Kooistra - K. Wiersma 0-1; De Vries - Westra 1-0; Hoekstra - De Jong 1-0; F. Wiersma - Dijkstra 0-1.
    Stân: W. Hoekstra 5; C. Kooistra 4; H. de Vries 4; L. Westra 2; K. Wiersma 2; F. Wiersma 1,5; B. Dijkstra 1; J. de Jong 0,5.

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Walinga
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch