• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Fol ferwachting kloppet myn hert

    Foar twa fan de Stadige Strikers wie it de earste kear dat se it sinteklazedamjen meimakken. It heart sa’n bytsje by de tradysje fan de fiifentritichjierrige klup. As jo dan nij binne dan tinke jo mooglik alris: hoe soe dat no wêze sok damjen. By ien fan de nijelingen, hy komt fan Easterein, wie it al in lyts wike in lietsje fan: Fol ferwachting kloppet myn hert. Om koart te kriemen: Elk moat mei in kertier op ’e klok fjouwer potsjes damje. Dan duorje dy fjouwer potsjes mei-inoar in healoere. Yn dy tastiene tiid moat der in gewoan spul damme wurde, in spul earstkwyt, in spultsje fiif tsjin fiif en in spul op it skaakboerd. By dy lêste fariant binne jo mei it Fryske spul samar by-inoar. It is fansels echt foar de wille dy’t men mei sok spuljen belibbet. Gjin drege prakkesaasjes komme der oan te pas. Wol is it in grut pluspunt as men de teory aardich behearsket. Jelle Wiersma is yn dit soarte fan spullen likefolle in master as yn it gewoane Fryske spul. Hy sjocht de slachjes yn in flok en in sucht. It wie dan ek net sa frjemd dat hy de earste wie yn de heechste groep.

    Yn de twadde groep wie it prachtich om te sjen dat de kwaliteiten fan Tineke Teigeler boppe driuwen kamen. Yn de gewone kompetysje tilt it by Tineke net op fan de punten, mar op dizze sinteklaasjûn reinde it foar har punten. De nijelingen diene fansels ek goed mei, mar dy hawwe gewoan noch wat mear tiid nedich om de setten te sjen. Sy misse noch de automatismen. Dat komt fansels. It hat wat tiid nedich.

     

    Utslaggen. Yn de heechste groep wiene 20 punten te heljen en yn de twadde groep 16.

    Heechste groep: 1 Jelle Wiersma 14½;  2 Cor Kooistra 11½; 3 Willem Schaap 11; 4 Dicky van der Meer 10½; 5 Sjoerd Jan Bakker 7; 6 Ype Boelens 5½Twadde groep: 1 Tineke Teigeler en Bauke Bos beide 9; 3 Bauke de Boer en Sjoerd Huitema beide 8; 5 Paul Borghaerts 6.



    << Werom


    Sponsors:

    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch