• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2018
  • Striker Van der Meer set syn goeie foa
  • Hartwert damkampioen mei lytst mooglik
  • Ype Boelens de man yn boanus
  • Prachtige damdei yn Hartwert
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Prachtige damdei yn Hartwert

    Tradysjes binne der om te brekken seit men wol ris mar dêr wolle hja op de damklup Hartwert e.o. net iens oan tinke: in nij damjier kin net begjinne sûnder de earste beste sneon yn jannewaris, dat wit elke dammer. Yn Hartwert wurdt der fanôf tsien oere striden op it damboerd mei elk oardel oere op de klok. Der wiene 23 dammers op dizze damdei ôfkommen. Guon dammers sjogge it as in goeie tarieding op de klup- en persoanlike kampioenskippen. As komme foar de hearlike snert die altyd te ferkrijen is yn it smûke doarpshûs. Mar de measten komme om moaie partijen te damjen, omdat se leafhawwer binne fan it prachtige Fryske damspul.

     

    Nei elkoar de bêste winsken te jaan en nei de gebrûklike iepeningswurden fan de foarsitter waard elk yndield yn groepkes op wearde fan harren damkwaliteit. Der waard ferskuorrendst damd. Sa yn it begjin fan it nije jier wol guon harren noch wol ris healwiis fersjen, mar dat barde hjoed mar by inkele dammers (we nimme gjin nammen). Groep 1 yn de eare klasse wie op papier de sterkste, teminsten dat seine guon mar de oare groepen moast men ek net útpoetse. Yn groep 1 fan de eareklasse gie de earste priis nei Foeke nei in lotting mei Taeke. Beide mannen hiene 2,5 punt mar hiene gjin sin mear om in barraazje te damjen, nei foar harren in tige lange damdei. Groep 2 krige as winner de yn foarm ferkearende Hein mei 2,5 punt. De twadde priis wie foar de snotterige/griperige Tjerk.

     

    Yn groep 1 fan de haadklasse wie de winst foar Gerrit Schilstra mei 2,5 punt. Schilstra is altyd in trouwe dielnimmer en meastal giet hy mei in priis nei hûs ta, sa no dus ek. Twadde waard de oerdeeglike dammer Jan Bouma mei 2 punt. Germ Bruinsma wie de grutte man yn groep 2. Germ siet dan wol oan in penisilline kuer mar dat hie totaal gjin ynfloed op syn prestaasje want hy wûn alle trije partijen. De twadde priis wie foar Bauke Dijkstra.

     

    Yn de earste klasse wie it Klaas A. dy by Klaas W, Piet en Frans Kingma de folle winst pakte mei 3 punt. De twadde wie foar de Klaas W. mei 2 punt. Yn de twadde klasse sieten trije dammers en dy makken der in moai dammerij fan. It bestjoer hie yn oerlis besletten mei Douwe, Jan en Tineke dat se twa kear tsjin elkoar damden mei trije kertier op de klok. Neidat se allegearre fjouwer kear damd hiene wie Jan earste mei 3,5 punt en Douwe twadde mei 2,5 punt.

     

    De priiswinners giene mei in amer fol itenswaren nei hûs. De minsken sûnder prizen as wol, de ferliezers, giene ek net mei lege hannen nei hûs ta. Foar dizze wie der in fleske krêftwetter, om sa wer op krêft te kommen foar de folgjende damstriid.

     

    De priiswinners op dizze damdei wiene:

     

    Eareklasse, groep 1: 1. Foeke Tiemensma, 2. Taeke Kooistra

    Eareklasse, groep 2: 1. Hein de Vries, 2. Tjerk Wijbenga

    Haadklasse, groep 1: 1. Gerrit Schilstra, 2. Jan Bouma

    Haadklasse, groep 2: 1. Germ Bruinsma, 2. Bauke Dijkstra

    1e klasse: 1. Klaas Abma, 2. Klaas Wiersma

    2e klasse: 1. Jan Nauta, 2. Douwe Namminga



    << Werom


    Sponsors:

    • Lip en partners
    • Walinga
    • Narwal
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    Dizze webside is mei mooglik makke troch