Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
  • Utslaggen earste ronde Fryslankup
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Ype Boelens de man yn boanus

    As jo in boanus krije dan krije jo wat ekstras. Ype Boelens krige ek wat ekstras, mar hy soarge der sels foar. Dryst kundige er moandeitejûn oan dat er it wol opnimme woe tsjin twa man tagelyk. No moast er al tsjin Bauke Dykstra en dêr hawwe jo faaks ek al de hannen oan fol, mar Boelens koe Sjoerd Huitema der ek noch wol by ha. Ja dan ha jo wol lef, dan doare jo wol, mar nei de partijen kin men sizze dat Ype Boelens yn boanus ôfreizge nei Menaam. Hy kaam trouwens al gau in houtsje achter tsjin Dykstra, mar dêr moar fuort by sein wurde dat Dykstra wol in houtsje foar wie, mar der net al stevich op stie. Der hoegde mar wat te barren en it koe faaljekant misgean. En dat momint kaam. Even in ferkeard streekje en Bauke koe wol dach sizze. Op dat stuit hie Ype al ôfweefd mei Sjoerd Huitema. It betsjutte twa grouwe punten foar Ype.

     

    De moaiste en spannendste partij waard spile troch Sjoerd Jan Bakker en Dicky van der Meer. Sy joegen inoar gjin tombreed ta. Dochs soe old good Bakker in houtsje foarkomme, mar doe siet er nei in pear streken aardich mei de stân yn de mage. Der sieten fan Dicky syn kant twa moaie lopen yn. Dy waardeneliminearre troch in houtsje te offerjen. De stân wie lyk. Bakker seach ynienen allegearre apen en bearen. Hy seach yn elts gefal ek it remizespook, sa as de omstanners dat ek seagen. Van der Meer bea dan ek kamp oan, mar Bakker woe dat noch net oan. In pear streken letter koe hy der net mear foarwei.

     

    Foar de fryslân Kup hiene de Strikers in gast op besite: Gertjan Kamp út Jorwert. Hy moast it opnimme tsjin Willem Schaap. No de lêste makke al rillegau dien wurk en wist doe dat er yn de folgjende omloop tsjin Manfred spylje moat.

    Utslaggen: Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0; Ype Boele3ns – Bauke Dykstra 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Dicky  van der Meer ½ - ½; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 1 – 0; Ype Boelens – Sjoerd Huitema 1 – 0; Bauke Bos – Bauke de Boer 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    Dizze webside is mei mooglik makke troch