Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Marten Walinga 1e Wereldkampioen Fries
  • Alexander Georgiev scoort drie keer op
  • WK Fries Dammen krijgt vorm
  • Eerste Wereldkampioenschap Fries Damme
  • Toernooiboek Open NK Fries dammen 2018
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De twadde klassers jouwe de earsten goed partij.

    As jo baas binne meie jo it sizze. De kompetysjelieder hie al in wike tefoaren meidield, dat er moandeitejûn net oanwêzich wêze soe. Sadwaande moast de foarsitter himsels de yndieling fan spilers opstelle: wa moast tsjin wa. Hy fûn dat der safolle mooglik spullen spile wurde moasten tusken earste en twaddeklassers. Foar dyjingen dy’t yn de heechste klasse sitte, moat it dan in net al te drege jûn wurde. Yn guon gefallen wie dat ek sa, mar oer it algemien hiene de rûtiniers it der mar dreech mei. De mannen út de leechste klasse joegen goed partij. In hiel moai spul wie dat tusken Bauke Dykstra en opkommend talint Paul Borghaerts. It gie hielendal gelyk op, mar it fenyn siet yn de sturt fan it spul. It wie sa’n saakje fan: elk oan beide kanten tsjin de list in oantal skiven. Oan de iene kant trije en oan de oare kant fjouwer. Allebeide trije yn de koarte hoeke. Op in bepaald stuit kin dan ien in hout op slach sette en as der neat oan dien wurdt, kin dy letter in daam slaan. Yn de oplossing fan dat probleem makke Paul syn earste fout. Hy liet daam slaan. Dat wie fuort foar him fataal. Nei de tiid is dy stân analysearre. Doe die bliken dat er foar him oerwinningsmuzyk yn sitten hie. Likegoed seach Borghaerts der mei in gefoel fan tefredenheid op werom. Hy hie prima partij jûn.

     

    Dat die Sjoerd Huitema ek. Hy hâlde it hiel lang fol tsjin Dicky van der Meer. Hoewol’t syn houten noch al wyld op it boerd stienen. Se stûnen foar it grutste part yn it midden en se misten eins wat de steunhouten achterynVan der Meer koe der hast wol fan útgean dat it op in gegeven momint raak wêze soe. Dat wie ek sa, want as jo op it lêst it iene gat mei it oare stopje moatte, dan hâldt it meastal in kear op. Likegoed in prachtige partij. De nestor fan de klup, Bauke de Boer, 95 jier âld, damme tsjin de foarsitter. No dat hat dy lêste witten. By de earste klas mannen leit fansels de druk. Dy wolle eins net fan in legere spiler ferlieze. Dy druk lei ek terdege by Kooistra. De Boer makke yn it ein spul in raar foutsje, wêrtroch Kooistra der twa houtsjes troch hinne kriich. Mei dy twa dammen tsjin de iene en twa houtsjes fan De Boer koe hy winne, mar dat gong likegoed noch net maklik. De sensaasje fan de jûn wie der ek. Ype Boelens spile in twadde partij tsjin Bauke Bos. De lêste ferlear earst tsjin Jelle Wiersma en Boelens wûn de earste tsjin Borghaerts. Beide mannen dus op werkânsing. Al gau die bliken dat de stân fan Ype net al te roaskleurich wie. Hy soe alle seilen bysette moatte om der noch in goed resultaat út te hisen. Boppedat soe Bauke dan wat meiwurkje moatte. Dat wie de lêste net fan doel. Hy bleau tige konsintrearre damjen en makke de partij by eintsjebeslút ek noch moai út.

     

    Utslaggen: Bauke Bos – Jelle Wiersma 1 – 0; Ype Boelens – Paul Borghaerts 1 – 0; Sjoerd Huitema – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Bauke Dykstra 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke de Boer 1 – 0; Tineke Teigeler – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Bauke Bos 0 – 2; Paul Borghaerts – Bauke Dykstra 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Noflik
    • Walinga
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch