Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Marten Walinga 1e Wereldkampioen Fries
  • Alexander Georgiev scoort drie keer op
  • WK Fries Dammen krijgt vorm
  • Eerste Wereldkampioenschap Fries Damme
  • Toernooiboek Open NK Fries dammen 2018
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • In protte Strikers siik en mislik.

    As it klupke net sa grut is en fjouwer binne ôfwêzich troch sykte, dan wurdt it wol in hiel lyts protsje dammers byinoar. Dat wie moandei by de Strikers it gefal. Der wie noch wol in gastdammer yn it kader fan de FK  (Fryslân Kup), dat brocht it oantal op tsien. Fansels hoopje se allegearre by de klup dat de siken nije wike wer presint binne. Twa partijen yn de heechste klasse duorren mar hiel koart. Jelle Wiersma pakte yn in suver foar elkenien bekend iepeningssetsje Dicky van der Meer. Dy lêste hie noch nea fan dat setsje heard. Dat kin fansels foarkomme. No’t hy der mei om de earen slein is, sil er it wol nea wer ferjitte, want it is yn wêzen sa simpel as ien. Ien treast is der foar Van der Meer: der binne al in hiel soad dammers him op deselde wize foargien.

     

    It oare spul dat gau út wie, spilen Ype Boelens en Cor Kooistra. Der kaam wol in hiel nijsgjirrich stantsje op it boerd. Ype rekke wat yn de knipe, mar hie noch wol streek. Der wiene in soad houtsjes dêr’t er ôfbliuwe moast. Dan geane jo alle streken by lâns. En noch ris in kear. Dan tinke jo: No dan moat dizze, mar. Dat wie krekt in streek wêrfan Ype earst al tocht: Dy kin net. Hy die him wol. Doe koe hy de bakker en de slachter wol ôfsizze. Trije houtsjes rekke er efter. Sa út as wat! Yn it foarprogramma damme Tineke Teigeler as in wyld: prima streken en goed yn posysje. It sabeare potsje duorre suver mar lang, wylst De Boer en Sjoerd Huitema sieten te wachtsjen. Dat joech fierders neat. Sokke spultsjes om ’e nocht ha se soms prachtige stantsjes. De wachters genieten der ek fan. Neit it út wie moast Tineke tsjin de Boer. No doe wie der neat mear te merken fan Tineke har goeie streken. Se rekke binnen de koartste kearen houtsjes kwyt en koe it nei in kertierke wol ferjitte. Sjoerd Huitema en Bauke Bos makken der in hiele oare partij fan. Dy duorre moai lang en wie boppedat it oansjen mear as wurdich. It gyng der om. Uteinlik waard it noch kamp.

     

    Manfred de Wolf fan Blauhûs moast tsjin Willem Schaap. De wolf tsjin it skiep. Hoe koe it sa treffe. Gewoanwei hat it skiep dan gjin kâns. Beide mannen ha in moaie hân fan striken. Se hâlde der net fan om tsjin de list op te krûpen, mar kieze beide altiten it aventoer. En aventoer siet der yn dizze partij. De winstkânsen liken wat om en om te gean. Doe soe de wolf taslaan. Hy offere in stik as wat houtsjes, soe sels in haal dwaan en kaam der doe achter dat ien fan der houtsjes dy’t er slaan woe al fuort wie. Hie er sels dien. De partij rekke dêr mei út. Der waard ûnder lieding fan Jappie de Jong, de man fan de FK, lotte foar de folgjende ronde. Willem Schaap krige it steande nûmer talotteSiebe Walinga krijt Herman Terwisscha vanScheltinga op besite. Taeke Kooistra moat tsjin syn klupgenoat Tsjerk Wybenga.

     

    Utslaggen: Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Cor Kooistra 0 – 1; Tineke Teigeler – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Sjoerd Huitema ½ - ½; FK. Willem Schaap – Manfred de Wolf 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Rabobank
    • Repko Sneek
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch