Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
  • Utslaggen earste ronde Fryslankup
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Dammer Jelle Wiersma goed op streek




    Wommelser Jelle Wiersma hat sneon yn De Gaastmar by de earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul in bêste haal dien. As iennichste koe de kampioen fan 2017 de folle winst ynhelje. Dêrby wie de oerwinning op titelkandidaat Marten Walinga fansels hielendal trewes. Boppedat ferlear Foeke Tiemensma, in oare favoryt, folslein ûnferwachte fan Hein de Vries. De Ljouwerter promovendus drige nei daam troch te brekken, mar in earste analyze nei ôfrin liet sjen dat Tiemensma miskien dochs noch te gau de hân útstutsen hat.

    Fan de fjouwer favoriten foar de titel koe inkeld Taeke Kooistra by Wiersma yn it sok bliuwe, mar ek de Hartwerter rûn troch in kampspul tsjin Walinga skea op. De rekordhâlder yn it tal kampioenskippen hat no yn e stân in heal punt minder as Wiersma, en stiet sa lyk mei De Vries, dy t yn syn twadde partij in knappe remize helle tsjin de altyd gefaarlike Aldegeaster Henk Haanstra.

    Spitigernôch hat de kampioensklasse dit jier troch sykte fan Sjoerd Jan Bakker in man minder. De Snitser is dêrmei al automatysk degradearre. De dielnimmers waarden oars ek konfrontearre mei in nijichheidsje. De notaasje fan e setten gong net as earder mei pinne en trochslachpapier, mar mei in tablet. Dat hat ta gefolch dat de partijen no streekrjocht op it ynternet te folgjen binne fia de webside tournooibase.kndb.nl.



    Utslaggen kampioensklasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Hein de Vries (Ljouwert) - Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 1-0. Twadde omloop: Wiersma - Wijbenga 1-0, Kooistra - Walinga 0,5-0,5, Haanstra - De Vries 0,5-0,5.
    Stân: Wiersma 2-2; Kooistra en De Vries 2-1,5; Haanstra 1-0,5; Walinga 2-0,5; Tiemensma 1-0; Wijbenga 2-0.

    Twadde acht, earste omloop: Cor Kooistra (Nijlân) - Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) - Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0,5-0,5, Dicky van der Meer (Terherne) - Kees Tijssen (Reduzum) 0-1. Twadde omloop: Walinga - Wiersma 1-0, Groenveld - Kooistra 1-0, Hoogterp - Van der Meer 1-0, Tijssen - Schaap 1-0.
    Stân: Tijssen en Walinga 2; Groenveld en Hoogterp 1,5; Schaap en Wiersma 0,5; Kooistra en Van der Meer 0.

    Tredde acht, earste omloop: Siebren Dyk (Jorwert) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 0-1, Sjoerd Couperus (Snits) - Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0-1, Liuwe Westra (Lollum) - Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Klaas Wiersma (Nijbeets) - Ype Boelens (Menaam) 1-0. Twadde omloop: Dijkstra - Couperus 1-0, Hoekstra - Dyk útsteld, Sikma - Wiersma 0-1, Boelens - Westra 1-0.
    Stân: Dijkstra en Wiersma 2-2; Hoekstra 1-1; Boelens en Westra 2-1; Dyk 1-0; Couperus en Sikma 2-0.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Noflik
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    Dizze webside is mei mooglik makke troch