Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
  • Utslaggen earste ronde Fryslankup
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Favoriten nimme de kop by Frysk damjen

     

     

     

     

     

    It persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul is no oer de helte, en der begjint him in bewend patroan ôf te tekenjen. De twa mannen dy t de dammerij yn dizze iuw behearske hawwe, Taeke Kooistra en Jelle Wiersma, binne beide wer oan kop kaam. Dêrby hat Wiersma de bêste papieren, want de Wommelser is noch sûnder puntferlies. Kooistra (Hartwert) moast yn e twadde omloop in heal punt sitte litte tsjin Marten Walinga út Waaksens.

     

    De beide topdammers makken ôfrûne sneon yn Aldegea-SWF har reputaasje wier. Beide moasten it opnimme tsjin Hein de Vries. De Ljouwerter promovendus toant him op dit nivo ferrassend sterk, mar waard troch Wiersma dochs subtyl de djipte yn skood, en ek tsjin Kooistra kaam er yn it lette middenspul minder te stean. Hoe t de rekordhâlder yn it tal kampioenskippen likegoed mei in machtigen kombinaasje de partij ôfmakke, wie ymponearjend om te sjen.

     

    Wiersma en Kooistra treffe inoar oars noch oar wike yn Skearnegoutum yn e lêste omloop, sadat de spanning ta de ein ta yn it toernoai bliuwt. Yn e ûnderein is de spanning der oars wol út. Sjoerd Jan Bakker (Snits) en Foeke Tiemensma (Frjentsjer) ha har beide út e striid weromlutsen, dat de degradanten binne no al bekend.

     

    Yn e twadde acht ha Siebe Walinga (Aldegea-SWF) en Pieter Hoogterp fan De Gaastmar sa n foarsprong opboud dat se promoasje nei de kampioensklasse hast net mear ûntrinne kinne. De tredde acht is wat dat oangiet spannender; dêr mei noch wol de helte fan e dielnimmers hoopje op in glorieuzer damtakomst.

     

     

     

     

     

     

    Utslaggen en tuskenstannen

     

    Kampioensklasse, fjirde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Tjerk Wijbenga (Arum) - Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0-1. Fyfde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) - De Vries 1-0; Haanstra - Marten Walinga (Waaksens) 0-1.

    Stân: Wiersma 4-4; Kooistra 3-2,5; Walinga 3-1,5; Haanstra 4-1,5; De Vries 4-1; Wijbenga 4-0,5.

     

    Twadde acht, fjirde omloop: Willem Schaap (Dearsum) - Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5; Cor Kooistra (Nijlân) - Pieter Hoogterp (De Gastmar) 0-1; Fedde Wiersma (Easterein) - Kees Tijssen (Reduzum) 1-0.

    Fyfde omloop: Walinga - Van der Meer 1-0; Groenveld - Schaap 1-0; Hoogterp - Wiersma 1-0; Tijssen - Kooistra 1-0.

    Stân: Walinga 5; Hoogterp 4,5; Groenveld en Tijssen 3; Van der Meer, Schaap en Wiersma 1,5; Kooistra 0.

     

    Tredde acht, fjirde omloop: Liuwe Westra (Lollum) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0; Klaas Wiersma (Nijbeets) - Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0-1; Siebren Dyk (Jorwert) - Piet Sikma (Hartwert) 0-1; Sjoerd Couperus (Snits) - Ype Boelens (Menaam) 1-0.

    Fyfde omloop: Dijkstra - Wiersma 1-0; Hoekstra - Westra 1-0;Sikma - Couperus 0-1; Boelens - Dyk 0-1.

    Stân: Dijkstra 5-3,5; Hoekstra 4-3; Westra en Wiersma 5-3; Couperus en Sikma 5-2; Boelens 5-1,5; Dyk 4-1.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    • Wiersma Wommels
    • Walinga
    • Lip en partners
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Noflik
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch