Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Toernooiboek Open NK Fries dammen 2018
  • útslach persoanlike kampioenskippen j
  • Uitslagen NK dammen
  • NK dammen 12 april
  • NK dammen 12 april (fr)
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • In damjûn sûnder de froulju

    It liket der hast wol sa’n bytsje op, dat De Stadige Strikers de iennige damklup Frysk spul is dy’t ek froulju yn de kompetysje hat. Moandeitejûn wie it útsûnderlik, dat de beide Stryksters net  oanwêzich wiene. Dat kin soms sa treffe, mar wy hoopje dat se beide wer akte de presence jouwe.

    Fan it suterige oantal dammers sa as wy dat ferline wike belibben, wie no gjin sprake fan. Alle manlju sieten efter in damboerd. Der spilen har ferskate partijen ôf: de iene wie in wissichheid fan wa it winne soe, wylst oare partijen in tige spannend ferrin sjen lieten. Ien fan dy spullen wie dat tusken Ype Boelens en Sjoerd Jan Bakker. In moaie partij mei de wenstige opmerkingen fan de kant fan Bakker. Dat er oan de ein op ferlies stie, wie wol dúdlik. Ype dy moast it fansels wol goed dwaan en Bakker net in setsje gunne, wêr’t noch wat muzyk yn sitte koe. Jimme snappe it al. Dat barde wolYpe liet him krekt wat te folle sjen fan syn goeie kant en liet Bakker ûntglûpe, sadat dy noch in daam helje koe. Dat betsjutte kamp. Bauke Dykstra siet tsjinoer Sjoerd Huitema. De lêste hat hiel hurd oanleard. Dat hat Dykstra him mooglik net genôch realisearre. Yn it midden spul helle Huitema der in moaie slach út. Dêrnei koe Dykstra de bakker en de slachter wol ôf sizze. Hy hie gjin poat mear om op te stean.

     

    Utslaggen: Bauke Dykstra – Sjoerd Huitema 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Bauke de Boer – Jelle Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1; Dicky van der Meer – Bauke Bos 1 – 0; Cor Kooistra – Paul Borghaerts 1 - 0



    << Werom


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Lip en partners
    • Narwal
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch