• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Twa froulju binne dy Bauke Bos net te
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Folkert Groenveld heakket ôf

    Wiene der nei de earste sneon fan it persoanlik kampioenskip noch trije favoriten foar de titel oer, nei de tredde omloop tiisdeitejûn yn Jorwert is dat selekte selskip fierder úttinne ta twa. Dêr heart, útsoarte soe men hast sizze, regearjend kampioen Taeke Kooistra ek ta. Kooistra moast it opnimme tsjin syn klupmaat Stoffel Bouma. Dy rekke op in stuit in hout yn 't efter, en al aksele de Eastereinder noch al wat tsjin, helpe die dat net. Der wie op 'e boppeseal fan kafee "Het Wapen van Baarderadeel" ien topduel, en dat ferrûn hiel oars. Hiel lang holden Jelle Wiersma en Folkert Groenveld kânsen, mar soms is damjen ek wolris in spultsje fan gelok. Groenveld hie it hout krekt ferkeard stean, en dat makke dat syn útsjoch om ris in kear kampioen te wurden wol wat mistich waard.
    Mei in punt efterstân is Groenveld no yn it selskip bedarre fan Augustinus van der Goot, dy't fan kollega-Snitser Sjoerd Jan Bakker wûn, en fan Henk Haanstra. Knap, want beide mannen binne ferline jier promovearre. Of miskien krekt minder knap, want Haanstra syn tsjinstanner Siebe Walinga wurke wol op in hiel spesjale manier mei. Troch in alderienfâldichste ien om twa koe Haanstra op daam komme. Op it heechste niveau wurde dus ek noch wol ris stommiteiten begien.


    De twadde acht hie nei de earste sneon ek noch in trijemanskip boppeoan, mar dat waard tiisdeitejûn yn dy klasse sels úttinne ta ien. Marten Walinga hie al ier op 'e jûn Kees Tijssen oprôle. Syn konkurrinten hiene it aardich dreger. Tjerk Wijbinga mocht net iens ûntefreden wêze mei syn remize tsjin Sjoerd Couperus, en eins gou datselde foar Foeke Tiemensma, dy't de hannen fol hie oan Germ Terpstra. Underyn bleau Dicky van der Meer sûnder punten, mar syn tsjinstanner Pieter Hoogterp wie fan syn haatlike nul ôf.


    Yn 'e tredde acht dogge Cor Kooistra en Willem Hoekstra it bysûndere goed. Kooistra weefde mei Fedde Wiersma ôf, mar Hoekstra hie flink wat mear muoite mei Hein de Vries. It wie al djip yn 'e nacht doe't er it punt byskriuwe mocht, mar dat wie it nachtbraken wol wurdich, want De Vries hie oant dan ek noch de folle winst binnen helle. Hy moat it tredde plak no diele mei Liuwe Westra. Hy fersloech Jappie de Jong, dêrby handich gebrûk meitsjend fan dy syn ferswakke lofter wjuk. En dan wie der noch de Opsterlânske derby tusken Bauke Dijkstra en Klaas Wiersma. Dijkstra bleau úteinliks mei de nul sitten.
    Kommende sneon wurdt it kampioenskip om tsien oere fuortset yn it doarpshûs fan Lollum.


    Utslaggen kampioensklasse:
    Taeke Kooistra (Hartwert) - Stoffel Bouma (Easterein) 1-0
    Folkert Groenveld (Jutryp) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1
    Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0-1
    Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Augustinus van der Goot (Snits) 0-1
    Stân nei 3 omlopen:
    T. Kooistra 3
    J. Wiersma 3
    A. vd Goot 2
    F. Groenveld 2
    H. Haanstra 2
    S.J. Bakker 0
    St. Bouma 0
    S. Walinga 0
    Twadde acht:
    Marten Walinga (Waaksens) - Kees Tijssen (Reduzum) 1-0
    Tjerk Wijbinga (Arum) - Sjoerd Couperus (Snits) 0,5-0,5
    Germ Terpstra (Easterein) - Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 0,5-0,5
    Dicky van der Meer (Terherne) - Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0-1
    Stân nei 3 omlopen:
    M. Walinga 3
    F. Tiemensma 2,5
    Tj. Wijbinga 2,5
    Sj. Couperus 1,5
    P. Hoogterp 1
    K. Tijssen 1
    G. Terpstra 0,5
    D. vd Meer 0
    Tredde acht:
    Cor Kooistra (Nijlân) - Fedde Wiersma (Easterein) 1-0
    Hein de Vries (Ljouwert) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1
    Bauke Dijkstra (De Tynje) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1
    Jappie de Jong (Blauhús) - Liuwe Westra (Lollum) 0-1
    Stân nei 3 omlopen:
    W. Hoekstra 3
    C. Kooistra 3
    H. de Vries 2
    L. Westra 2
    F. Wiersma 1
    K. Wiersma 1
    B. Dijkstra 0
    J. de Jong 0



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • Lip en partners
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch