Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Marten Walinga 1e Wereldkampioen Fries
  • Alexander Georgiev scoort drie keer op
  • WK Fries Dammen krijgt vorm
  • Eerste Wereldkampioenschap Fries Damme
  • Toernooiboek Open NK Fries dammen 2018
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Jelle Wiersma op en nij damkampioen

     

     

     

     

    By it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul wie der in oerienkomst en in grut ferskil mei ferline jier. Krekt as yn 2017 wie Jelle Wiersma de sterkste. Mar wie dêr ferline jier noch in barraazje foar nedich, no waard de Wommelser op e lêste dei kampioen sûnder ek mar in set spile te hawwen.

     

    Uteinliks lei him dat oan Sjoerd Jan Bakker (Snits) en Foeke Tiemensma (Frjentsjer), dy t har yn in earder stadium út it kampioenskip weromlutsen hiene. Sa kamen der gatten yn it spylskema, en dat makke dat Wiersma sneontemoarn frij hie. De middeis soed er dan syn titel ferdigenje moatte tsjin Taeke Kooistra, dy t foar sneon wol in heal punt efterstân hie, mar dat mei in oerwinning hielendal goedmeitsje kinne soe.

     

    Sa fier kaam it lykwols net. Kooistra ferlear de moarns alhiel ûnferwachte fan Henk Haanstra. De Aldegeaster hie in ferrifeljende daamset yn e stân flochten dy t Kooistra krekt even ferkeard ynskatte. En sa kaam it dat Wiersma by binnenkomst yn it Skearnegoutumer doarpshûs fuortdaliks de lokwinsken al yn ûntfangst nimme koe.  Likegoed liet er dêrnei sjen dat er yndied dit jier de bêste wie. Kooistra waard op en nij mei in daamset konfrontearre, dat de partij, dy t wat foarsichtich úteinset wie, wie yn ien klap út.

     

    Dêrmei prolongearre Wiersma syn kampioenskip, dit jier ek sûnder puntferlies. Boppedat rûn er der ek noch ris fier út. De iennichste dy t him op papier noch benei komme kinnen hie, Marten Walinga fan Waaksens, helle út syn partijen tsjin Hein de Vries (Ljouwert) en Tsjerk Wijbenga (Arum) net mear as in heal punt. Dat makke dat Henk Haanstra úteinliks yn e einstân noch ferrassend twadde waard.

     

    De kampioensklasse wurdt takom jier oanfolle troch Siebe Walinga (Aldegea-SWF) en Pieter Hoogterp fan De Gaastmar. Beiden hiene al in moaie foarsprong opboud, en de ûnderlinge remize feroare dat net mear. Folle mear spanning wie der by de tredde acht. Koprinner Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) ferskiet op e lêste dei beide partijen, en waard sa foarbystribbe troch Bauke Dijkstra (De Tynje) en Liuwe Westra (Lollum).

     

     

     

    Utslaggen en einstannen:

     

    Kampioensklasse sechsde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) - Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0-1; Marten Walinga (Waaksens) - Hein de Vries (Ljouwert) 0,5-0,5. Sande omloop: Wiersma - Kooistra 1-0; Wijbenga - Walinga 1-0.

    Einstân (mei tusken heakjes beslissende wjerstânspunten): Wiersma 5; Haanstra 2,5 (4,75); Kooistra 2,5 (4); Walinga 2; De Vries 1,5 (3); Wijbenga 1,5 (2,75).

     

    Twadde acht, sechsde omloop: Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0,5-0,5; Folkert Groenveld (Jutryp) - Kees Tijssen (Reduzum) 1-0; Cor Kooistra (Nijlân) - Willem Schaap (Dearsum) 0,5-0,5; Dicky van der Meer (Terherne) - Fedde Wiersma (Easterein) 0,5-0,5. Sande omloop: Walinga - Groenveld 0,5-0,5; Tijssen - Hoogterp 0,5-0,5; Wiersma - Kooistra 0-1; Schaap - Van der Meer 1-0.

    Einstân: Walinga 6; Hoogterp 5,5; Groenveld 4,5; Tijssen 3,5; Schaap 3; Wiersma 2 (6,75); Van der Meer 2 (4,75); Kooistra 1,5.

     

    Tredde acht, sechsde omloop: Piet Sikma (Hartwert) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 0-1; Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) - Ype Boelens (Menaam) 0-1; Siebren Dyk (Jorwert) - Liuwe Westra (Lollum) 0-1; Klaas Wiersma (Nijbeets) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1. Sande omloop: Dijkstra - Hoekstra 1-0; Boelens - Sikma 1-0; Couperus - Dyk 1-0; Westra - Wiersma 1-0.

    Einstân: Dijkstra 5,5; Westra 4 (14,5); Hoekstra 4 (13); Couperus 4 (10,5); Boelens 3,5; Wiersma 3; Dyk 2 (7,5); Sikma 2 (6).

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch