Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Oprop Wapenpartij
  • De kampioen lit him fan syn goeie kant
  • Fryslankup 2018 - 2019
  • Sjoerd Huitema wat yn de war: Hy tocht
  • FRYSLÂNCUP 2018-2019
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Paul Borghaerts docht in greep nei de macht.

    In pear kear hat Bauke Bos it sein:  Hast my hast ynhelle Paul. It skeelt noch mar in puntsje. Sels fynt Borghaerts ek dat er hieltiten better it spul foar it ferstân krijt. It wie in hiel lyts selskip moandeitejûn. Sa lyts hiene wy dat noch net meimakke. Dêr stie tsjinoer dat it tige gesellich wie. Der hong in hiele ûntspannen sfear. Spitich dat de oare helte om hokker reden dan ek net oanwêzich wêze koenen, mar ûndertusken docht Paul Borghaerts wol in greep nei de macht. Moandeitejûn die er wer goeie saken. Hy moast it opnimme tsjin ien fan syn konkurrinten: Bauke Bos. It spul like moai lyk op te gean, mar Paul besocht Bauke te poatsjeheakjen. En ferdoarje, in skoftke letter pakte deselde Paul mei in echt heakje bauke even goed oan. Hy kaam fuort foar te stean en foar Bauke wie der doe eins gjin salve mear oan te striken. Bauke ferlear en moat freze dat er it earste plak kwytreitsje kin. Paul sit him yn elts gefal deun op é hûd. 

     

    Eins wie it gjin partij: dêrfoar is it ferskil yn nivo  tusken Tineke Teigeler en Dicky van der Meer eins te grut. It rekke dan ek nochal gau út.l Dêrnei koen se noch wol in potsje en miskien noch wol ien, mar Dicky hie der al wer in punt by. Hy berikt sadwaande in persoanlik kluprekôr. Safolle punten hat er noch nea hân. Dizze wike docht er mei oan Fryslân Open yn Frjentsjer. Wy hoopje dat er dêr like suksesfol wêze sil as op de klup. De foarsitter offere himsels op om twa partijen tagelyk te damjen. Hy moast tsjin Bauke Dykstra en Sjoerd Huitema. Kooistra hie tsjin beide hearen swart. Lykwols kamen der twa hiel ferskillende partijen op de buorden. Yn it spul fan Huitema Kooistra sieten hiele moaie slaggen. Sjoerd Huitema liet syn tsjinstanner even skrikke mei in moai ôfruiltsje en ien foar.Dochs krige Kooistra ek wer kânsen: mear as ien. Doe’t Sjoerd in hiele moaie haal tocht te dwaan, koe Kooistra ek oars slaan en rekke in houtsje foar. Doe wie it in kwestje fan sekuer útspylje. Yn it spul fan Dykstra ûntstie in mooglikheid foar swart om fiif om fiif ôf te ruiljen. Kooistra die it net. Hy woe der noch wat spul yn hâlde. Dat wie foar him ek mar goed, want in streek of trije letter ferraste er mei in moai slachje. Kooistra fytste mei twa grouwe punten nei hûs en hat nei alle gedachten neat fan de kjeld murken.

     

    Utslaggen: Bauke Bos – Paul Borghaerts 0 – 1; Tineke Teigeler – Dicky van der Meer 0 – 1; Sjoerd Huitema – Cor Kooistra 0 – 1; Bauke Dykstra – Cor Kooistra 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch