Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Oprop Wapenpartij
  • De kampioen lit him fan syn goeie kant
  • Fryslankup 2018 - 2019
  • Sjoerd Huitema wat yn de war: Hy tocht
  • FRYSLÂNCUP 2018-2019
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Is it damjen in geloksspultsje?

    As jo sjogge nei de twa lêste konfrontaasjes tusken de Strikers en de mannen fan Nocht & Kriich út Aldegea-W, dan soene jo it hast tinke kinne. Ferlearen de Strikers ferline jier op 6 febrewaris yn Aldegea kânsleas mei yn totaal mar in heal puntsje, no wûnen se hiel ferrassend en sterk mei sifers dy’t der ek net om lige. Spilet de geloksfaktor in beslissende rol of is foar beide klups it thúsfoardiel fan trochslaand sukses? Men wit it fansels net. Wol witte de spilers dat der moandeitejûn op in tige sportive en gesellige wize striden is.

     

    It gie foar de Strikers as it slydjage út ein. De earste dy’t it punt pakte wie Paul Borghaerts. En it alderlêste punt wie foar Dicky van der Meer. Dêr tuskenyn tilde it ek noch ris in kear fan de punten. De Strikers dy’t sûnder punt bleaune, soene it harren suver wol wat oanlûke kinne. Ferlieze wie in útsûndering. Goed dat der ek útsûnderingen wiene, oars soe dit ferhaal wol ris wat opskepperich wurde kinne. En wy hoege ús neat te ferbyldzjen. Foar as jo it witte geane de Strikers de bitebult wer op.

     

    Sportiviteit stie heech yn it findel dizze jûn. Sa bea de foarsitter fan N & K oan om sels mar net te damjen, omdat sy mei ien dammer mear kamen as de Strikers ryk wiene. Sa rûn hy as in soartemint fan koats tusken rigele dammers troch. Hy seach hjir en hy seach dêr. Binne syn mannen dêr troch mooglik wat fan it stik rekke? Sy woene fansels foar it each fan de foarsitter sa goed mooglik prestearje. Dan wurdt de druk mooglik wat te grut en meitsje jo flaterkes dy’t normaliter net foarkomme. Hoe dan ek it is dreech om krekt te sizzen wêr it oan leit dat men it iene momint as kollektyf de stjerren fan de loft spilet en in oare kear by sa’n goed resultaat net mear yn it skaad stean kin.

     

    Utslach: De Stadige Srtikers – Nocht & Kriich

    Jelle Wiersma – Siebe Walinga 1 – 0.

    Sjoerd J.Bakker-- Folkert Groenveld½ - ½;

    Willem Schaap – Willem Hoekstra 1 – 0;

    Dicky van der Meer – Rein Jan Walinga 1 – 0;

    Cor Kooistra – Sjoerd Couprus 0 – 1;

    Bauke Dykstra – Folkert Attema 1 – 0;

    Ype Boelens – Beke Haanstra 1  - 0;

    Bauke Bos – Sietse de Jong 0 – 1;

    Sjoerd Huitema – Meike van der Meer 0 – 1;

    Bauke de Boer – Durk Rypma 1 – 0;

    Paul Borghaerts – Minne Posthuma 1 – 0;

    Hennie de Haan – Jolke groenveld 1 – 0;

    Tineke Teigeler – Almar Stegenga 0 – 1.

    8½ - 4½.



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch