Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Toernoaiboek WK yn Ljouwert
  • Marten Walinga 1e Wereldkampioen Fries
  • Alexander Georgiev scoort drie keer op
  • WK Fries Dammen krijgt vorm
  • Eerste Wereldkampioenschap Fries Damme
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It aventoer ferliest it fan de deeglikheid.

     

    Dammers en dammers se binne der yn soarten. Dat jildt net allinne foar de persoanen sels, mar ek foar harren damstyl. Sa seagen de omstanners by de Stadige Strikers moandeitejûn in partij tusken de deeglikheid en it aventoer. De ste spylwize moast it ôflizze tsjin de deeglikheid. Elkenien dy’t in lyts bytsje thús is yn it damwrâldstje Frysk spul wit dat Willem Schaap  in tige aventoerlike dammer is. Troch dy manier fan damjen wint er in soad partijen, mar ferliest ek faak, foaral wannear’t der in soad tiid foar in partij jûn wurdt.. Sa as mei de persoanlike kampioenskippen. Yn de kompetysje fan de klup wint er wol gauris, mar tsjin it deeglik spyljen moat er de holle noch wol ris bûge. Sa gong dat moandeitejûn ek. Syn tsjinstanner Sjoerd Jan Bakker is echt in man fan de deeglikheid. Dat slagget him net altiten, mar tsjin Willem syn spul diskear wol. It seach der al frij gau út, dat Bakker der better foar stie. Dat wist Willem fansels ek, mar hy bleau likegoed besykjen om mei oanfallende bedoelingen syn tsjinstanner de nekke om te draaien. Sjoerd Jan liende him dêr net foar en nei lang prakkesearjen struts er de iene nei de oare sterke set. Jimme snappe it fansels al: op it lêst hie Willem gjin poat mear om op te stean en sa ferlear it aventoer it fan de deeglikheid.

     

    Wy hiene dit ferslach ek iepenje kinnen mei de titel Bauke B. ferslacht Bauke D. Dy  Bauke Bos  soarget dit damseizoen wol foar ferrassingen. Feegde er yn de Fryslân Kup Marten Walinga al fan it boerd, moandeitejûn moast Bauke Dykstra der oan gelove. Dat wie net in spultsje fan gelok of sa, nee it wie fan beide kanten in sterk spul. Der like net folle fan te sizzen wa’t úteinlik mei de ear oan de haal gean soe. Dochs kaam in sterke ôfruil fan Bos syn spul mear as te goede. Hy koe sa moai ôfruilje, omdat Dykstra him dêr de gelegenheid foar joech. It ferrin fan it spul wie dêrnei ek in kwestje fan ôf ruiljen. Oant it momint dat Dykstra eins net mear in goeie streek hie en Bauke Bos as winner út striidperk stapte.

     

    Utslaggen:Tineke Teigeler – Bauke de Boer – 0 – 1; Hennie de Haan – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Sjoerd jan Bakker 0 – 1; Bauke Dykstra – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Narwal
    • Walinga
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    Dizze webside is mei mooglik makke troch