• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Noch gjin ferrassings by start damkampioenskip

    Ofrûne sneon is yn Blauhús it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul úteinset. Yn 'e earste twa omlopen wiene noch gjin ferrassings te notearjen. De kampioensklasse liket mei it ûnferwachtse degradearjen ferline jier fan Marten Walinga Waaksens) en Tjerk Wijbinga (Arum) wat yn krêft weromgien te wêzen. De op papier sterkste spilers, Folkert Groenveld (Jutryp), Jelle Wiersma (Wommels) en fansels regearjend kampioen Taeke Kooistra fan Hartwert, wûnen alle trije har beide partijen. It hat der dan ek alles fan dat ien fan harren úteinliks de kampioensbeker omheechtille mei. Opfallend wie yn 'e kampioensklasse wol, dat de beide promovendi Henk Haanstra fan Aldegea en Snitser Augustinus van der Goot, elk in partij wûnen. Sy besette mei har beiden no de middenmoat fan 'e ranglist.

     

    Ferrassings wiene der eins ek al net yn 'e twadde acht. De beide degradanten Marten Walinga en Tjerk Wijbinga lieten fernimme dat se sa gau mooglik wer nei it heechste poadium weromwolle, al hie Wijbinga dan ek de nedige muoite mei de altyd ûnberekkenbere Germ Terpstra (Easterein). Sterk wie hjir wol it optreden fan Foeke Tiemensma. Dizze fan oarsprong Hollânske dammer is mei in opmars troch de wrâld fan it Frysk damjen dwaande, en dêr waarden Kees Tijssen (Reduzum) en Sjoerd Couperus (Snits), beide âlde rotten yn it fak, it slachtoffer fan.

     

    Yn 'e tredde acht wiene de âlde rotten krekt wol goed oan 'e gong. Hein de Vries (Ljouwert) en Cor Kooistra (Nijlân) hellen de folle winst, al waard it foar beiden wol in lange dei. Doe't har foar de twadde kear de oerwinningshân tastutsen waard, siet harren grutste konkurrint Willem Hoekstra thús yn Aldegea al wer lang en breed efter de kachel.

     

    Utslaggen

    Kampioensklasse. Earste omloop: Siebe Walinga (Aldegea SWF) -Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Augustinus van der Goot (Snits) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Stoffel Bouma (Easterein) 1-0.
    Twadde omloop: Taeke Kooistra - Sjoerd Jan Bakker 1-0; Folkert Groenveld - Siebe Walinga 1-0; Jelle Wiersma - Henk Haanstra 1-0; Stoffel Bouma - Augustinus van der Goot 0-1.

     

    Twadde acht. Earste omloop: Germ Terpstra (Easterein) -Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) - Tjerk Wijbinga (Arum) 0-1;Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; Foeke Tiemensma (Frjentsjer) - Kees Tijssen (Reduzum) 1-0
    Twadde omloop: Marten Walinga - Dicky van der Meer 1-0; Tjerk Wijbinga - Germ Terpstra 1-0; Sjoerd Couperus - Foeke Tiemensma 0-1; Kees Tijssen - Pieter Hoogterp 1-0.

     

    Tredde acht. Earste omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) - Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; Jappie de Jong (Blauhús) - Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Liuwe Westra (Lollum) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1; Klaas Wiersma (NIjbeets) - Fedde Wiersma (Easterein) 0-1
    Twadde omloop: Cor Kooistra - Jappie de Jong 1-0; Hein de Vries - Bauke Dijkstra 1-0; Willem Hoekstra - Klaas Wiersma 1-0; Fedde Wiersma - Liuwe Westra 0-1.

    Haadklasse A. Piet Sikma (Hartwert) - Rein Jan Walinga (Aldegea SWF) 0-1; Harmen Westra - (Lollum) - Marcel Altena (Blauhús) 0-1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch