Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
  • Utslaggen earste ronde Fryslankup
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Lektors Salutem.

    Ja lêzer jo sjogge it wol. Jo wurde begroete. De Strikers hâlde foar earst wer op mei it damjen. Se ha de put der út. No kinne se har wer op oare saken ta lizze. Moandeitejûn wie de lêste fan dit seizoen. De priiswinners ha de prizen yn ûntfangstnommen. Foar de kas wie der wer in ynstruier troch in ferlotting en sa kaam der wer in ein oan de wenstige saken foar de Stadige Strikers  op moandeitejûn. Der wiene gjin nijichheden op dy lêste jûn. Sa as it meastal gie, sa gong it no ek. Yn twa groepen waarden damspullen yn in hiel flot tempo en mei in protte nocht ôfraffele. En dat allegearre foar in pear drûge woarsten. Om dy woarsten dêr gie it fansels net om, mar om de wille fan it spultsje.

     

    De priisútrikking is altiten fansels in fêst ûnderdiel. En alle kearen wer ferrassend. Dat komt ek, omdat de kompetysje nea hielendal útkomt.Dat is op himsels wol spitich, mar ja men mist noch wol ris in jûn. Bygelyks foar de Kup, elkenien fynt dat moai, dêr net fan, mar it op tiid út krijen fan de kompetysje wurdt ek dêrtroch wol ris wat in probleem. Minder partijen damje, soe in oplossing wêze, mar men wol ek net dat de earsten begjin febrewaris út binne mei de kompetysje. Guon kinne ek net altiten fanwegen it wurk. Dus al mei al is de útslach fan de kompetysje net op grûn fan itselde oantal partijen. Soe de kompetysje hielendal útspile wurde dan hiene de rychjes mei nammen yn in hiele oare folchoarder stien. It is net oars.

     

    Groep 2; 1 Bauke Bos 11½ út 19; Sjoerd Huitema 10½ -14; Paul Borghaerts 9 – 10; Bauke de Boer 8 út 19; Hennie de Haan 2 – 14; Tineke Teigeler ½ - 17.

    Groep  1: 1  Jelle Wiersma 14½ út  18; 2 Dicky van der Meer 10½ - 13; 3 Cor Kooistra 10 – 18; 4 Willem Schaap 8½ - 14;5 Sjoerd Jan Bakker 8 – 14; 6 Ype Boelens  7½ - 18; 7 Bauke Dykstra 5½ - 15.



    << Werom


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Zeinstra Blauwhuis
    Dizze webside is mei mooglik makke troch