• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Damklup Aldegea SWF bekroanet jubileum mei kampioenskip

    It sneon yn Easterein holden klupkampioenskip fan it Dambûn Frysk Spul krige dochs wol wat in ferrassende winner. It wie net it favorite Hartwert dat mei de heechste eare nei hûs ta gong, mar Aldegea SWF. Damklup "Nocht en Kriich" joech himsels dêrmei miskien wol it moaiste kado dat yn syn jubileumjier mooglik wie. It wie dêr yn seal Bergsma oars dochs al in Aldegeashow, want de earste set waard dien troch de hûndertjierrige Hendrik Haanstra, noch ien fan oprjochters fan 'e 75-jierrige klup.

    It krúsjale duel fûn plak yn 'e twadde fan 'e trije omlopen. Yn 'e earste hie Hartwert fuortdaliks syn fisitekaartsje ôfjûn troch De Gaastmar mei 8-0 plat te wâldzjen, en Aldegea hie mei 5,5 tsjin 2,5 it sterke Skearnegoutum der ûnder holden. Yn 'e beslissende wedstriid naam Hartwert al gau twa punten foarsprong, mar op oare buorden stie it der minder geunstich foar. Sa die him it feit foar dat Hein de Vries opjaan moast wylst hy en syn tsjinstanner elkmis noch tsien houtsjes op it boerd hiene. Foar it Frysk damjen frijwat ûngewoan, mar de Hartwerter hie gjin set mear oer. De lêste partij moast úteinliks de beslissing jaan. Beide spilers krigen in daam, mar Aldegeaster Folkert Groenveld hold nettsjinsteande alle publike belangstelling de senuwen goed byinoar, en it slagge him om tanksij syn ekstra houtsje de winst binnen te heljen. Einstân: 4,5 tsjin 3,5 foar Aldegea.

    De Aldegeasters makken dêrnei tsjin it swakke Gaastmar gjin flater mear. De Gaastmarders moasten sa nei in ferbliuw fan ien jier yn 'e kampioensklasse wer degradearje. Se wurde opfolge troch Lollum-Waaksens, dat sûnder puntferlies de twadde klasse wûn. Kampioen yn 'e tredde klasse waard Blauhús, nei oars noch in spannende striid mei Aldegea II.

    Utslaggen klupkampioenskip Frysk damjen 2013

    Kampioensklasse: Hartwert - De Gaastmar 8-0, Skearnegoutum - Aldegea SWF 2,5-5,5; Aldegea - Hartwert 4,5-3,5, De Gaastmar - Skearnegoutum 2-6; Hartwert - Skearnegoutum 5,5-2,5, De Gaastmar - Aldegea 1,5-6,5.

    Einstân (mei tusken heakjes de buordpunten): 1. Aldegea SWF 3 (16,5); 2. Hartwert 2 (17); 3. Skearnegoutum 1 (11); 4. De Gaastmar 0 (3,5).

    Twadde klasse: Lollum - Jorwert 5-3, Skearnegoutum II - Hartwert II 1-7; Hartwert II - Lollum 3-5, Jorwert - Skearnegoutum II 5-3; Lollum - Skearnegoutum II 5,5-2,5, Jorwert - Hartwert II 4-4.

    Einstân: 1. Lollum 3 (15,5); 2. Hartwert II 1,5 (14); 3. Jorwert 1,5 (12); 4. Skearnegoutum II 0 (6,5).

    Tredde klasse: Blauhús I - Blauhús II 8-0, Aldegea II - Hartwert III 5,5-2,5; Hartwert III Blauhús I 1-7, Blauhús II - Aldegea II 2-6; Blauhús I - Aldegea II 5,5 - 2,5, Blauhús II - Hartwert III 1-7.

    Einstân: 1. Blauhús I 3 (20,5); 2. Aldegea II 2 (14); 3. Hartwert III 1 (10,5); 4. Blauhús II 0 (3).


    Sjoerd T. Kooistra | 13.01.2013 | 13:32:08 | Views: 723



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    Dizze webside is mei mooglik makke troch