Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Oprop Wapenpartij
  • De kampioen lit him fan syn goeie kant
  • Fryslankup 2018 - 2019
  • Sjoerd Huitema wat yn de war: Hy tocht
  • FRYSLÂNCUP 2018-2019
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Trije miggen yn ien klap.

    Trije yn ien. Gjin trije-ienheid, nee dat net. Wy moatte de minsken dy’t no in teologyske útiensetting oer de triniteit ferwachtsje teloarstelle. Hoewol dat in hiel ynteressant gegeven is, geane wy no fierder mei trije damjûnen yn ien ferslach.

     

    Twa wike lyn kamen de Stadige Strikers foar it earst wer by-inoar. It waard in tige gesellige jûn. In fleurige boel. It wie sa as it de lêste jierren it gefal is: begjin septimber krigen wy op de app fan Tineke de fraach wannear wy hast wer ris begjinne soenen. It bestjoer appte werom: Op de  24ste. Sa let wie de reaksje. Ja sa let. Ien fan ús leden kaam lykwols  in wike earder foar de tichte doar. Allegearre signalen dat men der sinne oan hie om wer te begjinnen. Alderhande saken waarden op in fleurige wize besprutsen. Dêrnei waard noch efkes foar spek en brea ús moaie sport beoefene.

     

    De earste echte damjûn liigde der net om. Noch hast nea ha yn de histoarje fan de Stadige Strikers de dammers sa stil harren potsjes skood. It gyng der om wei krekt of wie it in kampioenskip. Hiele spannende partijen. Guon ferlearen krekt op de streek. Oaren joegen omraak partij, mar koenen it yn de einfaze krekt net rêde. Koprinner waard Dicky van der Meer troch twa partijen te winnen.

     

    De tredde mich like in protte op de twadde. Der waard wer omraak spile. Hoewol Dicky van der Meer as koprinner oan syn partij tsjin Jelle Wiersma begûn, koe er oan de titel koprinner net in ferfolch jaan. It potsje wie nammentlik ridlik gau út. Dêrom spilen de beide mannen ek fuort it twadde potsje mar. Dat wûn Jelle ek. Hy is no de listoanfierder. Us nestor fan de klup wûn syn twadde spul ek. Ferline wike fan bauke Bos en no fan syn omkesizzer Ype Boelens. Dy lêste partij levere him twa punten op.

     

    Utslaggen 3 – 10: Bauke Dykstra - Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Sjoerd Huitema 1 – 0; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Bauke Bos – Bauke de Boer 0 – 1; Dicky van der Meer – Tineke Teigeler 1 – 0. 10 – 10: Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Bauke Bos – Bauke Dykstra 0 – 1; Hennie de Haan – Sjoerd Huitema 0 – 1; Bauke de Boer- Ype Boelens 2 – 0; Tineke Yeigeler – Ype Boelens 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch