Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Oprop Wapenpartij
  • De kampioen lit him fan syn goeie kant
  • Fryslankup 2018 - 2019
  • Sjoerd Huitema wat yn de war: Hy tocht
  • FRYSLÂNCUP 2018-2019
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Hast 96 jierrige nestor rôlet hast it hiele bestjoer op.

    It is gewoan in wûnder dat ín man fan hast seis-en-njoggentich jier noch dammet as in jongkeardel. Wy witte net wat him sa skerp hâldt. Tsjintwurdich sjocht men hiel faak nei de fieding as men it ien en oar ferklearje wol. Neffens ús mei de man alles wol en spuit er ek net yn in gleske mei wat sterkers. Dus oan in spesjaal dieet kin it net lizze, dat er noch sa skrander is. Mooglik leit it oan syn gymnastykoefeningen dy’t er geregeldwei docht. Fysyk sjocht er der ek noch prima út. It sil der wol op del komme dat syn skerpe geast wennet yn in sûn lichem.

     

    No woe it gefal dat de man, Bauke de Boer sa hjit er, alle trije jûnen in bestjoerslid tsjinoer him sitten hie as tsjinstanner. Op de earste jûn koe siktaris Bauke Bos him net fan de winst ôf hâlde en in wike letter moast omkesizzer en ponghâlder Ype Boelens ek al oan it koarste ein lûke. Ôfrûne moandeitejûn mocht er it yn syn twadde partij fan de jûn, earst hie er al ôfrekkene mei syn sjaufeuze Hennie de Haan, opnimme tsjin foarsitter Cor Kooistra. No dat seach er nei in streek as tsien foar Kooistra florisant út. De Boer fleach yn in teoryset en kaam in houtsje efter, boppedat moast er ek tsjin in fijannige daam oansjen. Dochs liet De Boer him net kenne en spile sterk troch. Dat koe men net fan Kooistra sizze. Ik ken de persoan goed en hy sil fêst it ferrin fan de teoryset thús noch ris troch sjoen ha. Doe hat er mooglik tocht: “Stom!”

     

    It ferrin fan it spul wie oars wol geweldich. En dan geweldich slacht foaral op De Boer. Hy seach de moaiste setten. Kooistra moast sels in needset dwaan om in daam tsjin foar te kommen. Nei dy needstreek hie De Boer noch mear yn petto. Nei’t de foarsitter mei syn daam in houtsje op slach setten hie, helle de nestor der in fantastyske kombinaasjeset út. Ien wêr’t de foarsitter fan skrok. De stân dêrnei wie doe gelyk. Fjouwer tsjin fjouwer. Kooistra koe der kamp úthelje en dat die er doe mar gau. Hast hie de hast 96 jierrige nestor it hiele bestjoer oprôle.

     

    Utslaggen: Bauke de Boer – Hennie de Haan 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Paul Borghaerts – Bauke Bos 1 – 0; Sjoerd Huitema – Bauke Dykstra 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke de Boer ½ - 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch