Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Oprop Wapenpartij
  • De kampioen lit him fan syn goeie kant
  • Fryslankup 2018 - 2019
  • Sjoerd Huitema wat yn de war: Hy tocht
  • FRYSLÂNCUP 2018-2019
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Sjoerd Huitema wat yn de war: Hy tocht dat er Sinteklaas wie.

    Ferline wike ha wy yn it stikje Bauke de Boer efkes by de kop hân. Moandeitejûn spile er ek in toantsje mei yn it no kommende ferslach. Sjoerd Huitema siet nammentlik tsjinoer de nestor fan de klup. Dat like allegearre hiel goed  te kommen foar Huitema, want al frij gau kaam er in houtsje foar.

     

    Hy strykt no foar it twadde jier by de Strikers. En dat docht er by útstek. Hy lit him der net sa mar ôf strike. Dat is net frjemd, want hy is ien en al damjen. Hy dammet by Offenwier, Boalsert-Warkum en by Fryslân Damcombinatie yn Ljouwert. Ferline wike liet er ús noch in prachtige winnende kombinaasjeset sjen sa’t er dat spile hie tsjin in spiler earne út it lân. Hoe’t er dat fertelde en sjen liet, dat wie in lust. Ien en al in leafhawwer!

     

    It Fryske spul hat er ek al aardich yn de macht en jout ek tsjin de goeie dammers út de heechste groep prima partij. Moandei like it dus wer de goeie kant op te gean. Mar sa’t ferline wike wol bliken dien hat, is men net sa mar ôf fan de âld baas. Dy breidet der altiten wol wer in moai setsje yn. Sjoerd moast der dus om tinke. It bêste foar him soe wêze om mar wat ôf te ruiljen. Hy is fansels  in echte dammer en wol spul meitsje. Dochs gyng  it doe mis. Hy striek in houtsje en De Boer skeat er by wize fan sprekken as in snoek op ôf. Dy hoegde net nei te tinken. Hy offere mei in heakje twa houtsjes en sloech doe yn de swarte houtsjes fan Sjoerd om as mâle Jan yn de hinnen. Der gie omtrint alles ôf. Hoe koe soks no. It sil fêst sa west ha: Sjoerd hat efkes tocht dat er Sinteklaas wie en dêrom  mei kadootsjes begûn te struien.

     

    De beide koprinders namen it op tsjin elkoar. Oan de iene kant mei wyt wie dat Sjoerd jan Bakker. De swarte houtsjes behearden ta oan Jelle Wiersma.It waard in hiele ynteressante partij. Lang wie der net folle fan te sizzen. Ien ding foel wol op dat Wiersma krekt wat foarliker stie as Bakker. Dat soe úteinlik ek de trochslach jaan. Rekkenmaster Jelle hie it hielendal útpluze en de omsitters seagen foar Bakker de buoi al hingjen. Dat die Bakker sels ek en moast syn tsjinstanner de fiif jaan.

     

    Utslaggen: Tineke teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Dykstra 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – jelle Wiersma 0 – 1; Dicky van der Meer – Cor Kooistra 1 – 0; Bauke de Boer – Sjoerd Huitema 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Walinga
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch