Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2019
  • Twa dammen tsjin ien: ien streekje fer
  • Hartwert wer damkampioen
  • Lotting tredde ronde Fryslankup
  • De earste jun fan it nije jier moast d
  • Prachtige damdei yn Hartwert
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Gluorket der jong elan oan it firmamint fan de Strikers?

    Ja dat wie al efkes nij foar de measte Strikers moandeitejûn: der siet sa mar in jong famke efter it damboerd. In puber! Krekt no’t yn it wykein ús nestor 96 jier wurden is, kaam Hester as kadootsje by de Strikers, sille wy mar sizze. De man dy’t altiten al mei jongeren oan de slach west hat, bemurk al ridlik gau dat de nijeling fluch fan begryp wie. Nije wike wol se wer komme. Wy sjogge der no al nei út: miskien gluorket der in jonge stjer oan it damfirmamint.

     

    Al jierren hat er it der oer. En ek al jierren krijt er te min gehoar fan de oare dammers. Dat jildt net allinne foar de Strikers, mar foar alle dammers Frysk spul. It giet oer in teory fan Striker Bauke Dykstra. Hy hat in hiele stúdzje makke fan twa dammen tsjin ien daam. Foar de ynwijden yn dit spul is it sa wis as de brân dat twa tsjin ien daam altiten wûn is. As men de goeie setten mar docht. Dykstra is it dêr fansels wol mei iens, mar neffens him is der in útsûndering.

     

    Om dy útsûndering, dêr draait  syn stúdzje om. Hy toant nammentlik oan dat as de twa dammen en de daam fan de oare kleur op bepaalde plakken steane der net yn sân setten wûn wurde kin. Net earder as mei de achtste set soe de iene daam dan  slein wurde kinne. Dan is it kamp, want yn uterlik de sânde set moat de winst binnen wêze. Tige nijsgjirrich!

     

    Fan sa’n man dy’t sa mei dy dammen ompiele kin, ferwachtet men fansels ek prachtige partijen. Dy dammet er ornaris ek. Allinne is it spitich foar him dat er oan de ein fan it spul op de ien of oare manier krekt net mear de konsintraasje op bringe kin dy’t nedich is. Moandeitejûn siet er yn in prachtige partij tsjin Jelle Wiersma. No is Jelle fansels net sa mar ien. Hy hie der al in aardich faltsje yn strutsen en dêr hie er it in setmannich ek noch oer hân. Lykwols rûn Bauke der mei iepen eagen yn. Apart!

     

    Utslaggen: Jelle Wiersma – Bauke Dykstra 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Sjoerd Huitema 0 – 1; Bauke de Boer – Tineke teigeler 1 – 0; Hester – Hennie ûnbeslist. Foar de Fryslân Kup: Dicky van der Meer – Cor Kooistra 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Noflik
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Repko Sneek
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Rabobank
    • Lip en partners
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch