Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2019
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
  • It hie minder kinnen, mar noch minder
  • Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 20
  • De jeugd hat de takomst.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • In bysûnder sinteklazefeest by de Strikers.

    Net de wize wêrop’t it sinteklaze-damjen syn beslach krige, wie bysûnder. Dat gong sa as it meastentiids giet. Flugge spultsjes: gewoan, earst kwyt, fiif tsjin fiif en Frysk spul op it skaakboerd. Foar de leden neat ûngewoans. It bysûndere siet him yn it feit, dat Tineke Teigeler har beide dochters meinommen hie. Dy kinne allebeide it spul wol.

     

    De âlderein wie wakker optein dat der no samar trije fammen mei diene oan de sinteklazespultsjes. Fansels glom mem Tineke fan ear oant ear fan grutskens. Soks sjocht men ek nea: in mem mei twa dochters nei de damklup. In heit mei twa soannen dat wol, mar in mem mei twa dochters dat is neffens ús wol unyk. In heit mei twa dochters dat is mooglik noch wol ris foarkommen, mar in mem dat is oare koek.

     

    Hester, Lisa en Tess sieten by-inoar yn de ûnderste groep fan seis. It wie in aardichheid  dy jongerein skowen te sjen. De ien wat better as de oar, mar dat jout fansels neat. Fanselssprekkend wie it net dat Hester, dy’t no al in kear as trije mei har broerke op de klup komt, as heechste einigje soe, mar  ferrassend wie it net. Yn ien fan de foarige stikjes hie de skriuwer it al hân oer har ynsicht yn it spul. Boppedat is sy in Boelens. No dan witte jo it wol.

     

    Yn de oare trije groepen waard ek goed en min spile tagelyk. Sa giet dat no ien kear as de spultsjes yn in hânomdraai út wêze moatte. Fjouwer potsjes yn 20 minuten. No dan moat men poat oan. Alle dammers koene in pryske útsykje. Hjir ûnder wurde de twa bêsten fan elk groepke fermeld.

     

    De útslach fan dit sinteklazedamjen: Groep 4: 1 Hester Boelens 2 Tess Teigeler; Gr. 3:  1 Bauke Bos 2 Tineke Teigeler; Gr. 2: 1 Sjoerd Huitema 2 Ype Boelens; Gr.1:  1 Willem Schaap 2 Cor Kooistra.



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch