• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Hartwert dochs wer sterkste damklup

    Easterein - Hartwert hat sneon by de klupkampioenskippen yn it damjen Frysk spul de ferhâldings wer rjochtset. Ferlearen de mannen út it bekende dambolwurk ferline jier noch wat ferrassend fan Aldegea SWF, no lieten se oerdúdlik sjen wa't de sterkste is. Dat barde yn 'e tredde en beslissende omloop tsjin de âlde tsjinstanner. De útslach 5.5 tsjin 2,5 joech datoangeande gjin inkelde twifel. It kampioenskip joech namstemear yndruk omdat de Hartwerters it dwaan moasten sûnder de sterke spiler Germ Terpstra, dy't krekt in wike earder hommels ferstoarn wie.

    De beide oare klups yn 'e kampioensklasse, Skearnegoutum en Lollum/Waaksens, kamen der tsjin dy beide damgrutmachten earder op 'e dei net oan te pas, foaral omdat se yn 'e bridte net sterk genôch wiene. Benammen by it lytse Lollum/Waaksens kniep dat. De klup hie sels de bekende Hollânske dammer Hans Jansen opstelle moatten. Tsjin Skearnegoutumer Ype Boelens helle dy der noch wol in knappe remize út, mar dat wie net genôch om de degradaasje te ûntrinnen.

    De Lollumers wurde wer ôflost troch De Gaastmar, dat de twadde klasse op syn namme skreau. Underoan einigen dêr Blauhús en Jorwert, mei likefolle wedstriid- en buordpunten. De Jorwerters wûnen wol it ûnderlinge duel, mar omdat se it tsjin de sterkere ploegen fan De Gaastmar en Hartwert II sitte litten hiene, moasten se dochs degradearje.

    De dammers út it ynternasjonale spul begjinne de Fryske fariant fan it damspul oars hyltyd mear te ûntdekken. Benammen de Lollumer damklup hat in soad kontakten yn dy wrâld en furdige in twadde ploech ôf dy't hast alhiel bestie út fan oarsprong Hollânske dammers. Der sieten sels twa Afrikanen by: Leopold Sekongo, de eardere kampioen fan Ivoarkust, en de Senegaleeske grutmaster Macodou N'diaye, earder kampioen fan Afrika en op dit stuit 25ste op 'e wrâldranglist. Likegoed ferlearen dy tûke tinkers al har partijen; se waarden dúdlik ferrifele troch de gruttere slachmooglikheden fan it Fryske spul. Lollum II einige yn 'e tredde klasse dan ek ûnderoan, krekt as in gelegenheidsachttal fan Hollânske dammers út Boalsert en Warkum.

    Utslaggen klupkampioenskip Frysk damjen 2014

    Kampioensklasse: Aldegea - Lollum 6-2, Hartwert - Skearnegoutum 6,5-1,5; Skearnegoutum - Aldegea 2-6, Lollum - Hartwert 3-5; Lollum - Skearnegoutum 1,5-6,5, Hartwert - Aldegea 5,5-2,5.

    Einstân (mei tusken heakjes de buordpunten): Hartwert 3 (17); Aldegea 2 (14,5); Skearnegoutum 1 (10); Lollum 0 (6,5).

    Twadde klasse: De Gaastmar - Blauhús 4-4, Hartwert II - Jorwert 5-3; Blauhús - Hartwert II 4-4, Jorwert - De Gaastmar 2-6; Blauhús - Jorwert 2,5-5,5, Hartwert II - De Gaastmar 3-5.

    Einstân: De Gaastmar 2,5 (15); Hartwert II 1,5 (12); Blauhús 1 (10,5) (SB: 4); Jorwert 1 (10,5) (SB: 2).

    Tredde klasse: Blauhús II - Lollum II 4-4, BoalsertWarkumKombinaasje - Aldegea II 2-6; Lollum II - BWK 4-4, Skearnegoutum II - Blauhús II 7-1; BWK - Skearnegoutum II 2-6, Aldegea II - Lollum II 8-0; Blauhús II - BWK 4-4, Skearnegoutum II - Aldegea II 3,5-4,5; Aldegea II - Blauhús II 7-1, Lollum II - Skearnegoutum II 1-7.

    Einstân: Aldegea II 4 (25,5); Skearnegoutum II 3 (23,5); BWK 1 (12);Blauhús II 1 (10); Lollum II 1 (9).

     


    Hartwert winnaar fan de klubkampioenskippen 2014.

     

    Macodou Ndiaye, Leopold Sekongo, Marten Wallinga en Harm Wiersma.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch