Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2019
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
  • It hie minder kinnen, mar noch minder
  • Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 20
  • De jeugd hat de takomst.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Hartwert wer damkampioen




    By de sneon yn Easterein ferspile klupkampioenskippen yn it damjen Frysk spul einige Hartwert op e nij boppeoan. Dêrmei makke it syn favoriterol wier, ek al wie it yn e finale noch wikkerdewik.

    It kampioenskip wie oars in part fan syn spanning kwyt meidat it sterke Skearnegoutum ferline jier folslein ûnferwachte degradearre wie. De klup waard ynwiksele troch Blauhús, dat foar it earst op dit nivo meidie. It die lykwols bliken dat de Blauhústers dêr noch net hielendal oan ta wiene. Utslaggen as 1-7 tsjin Hartwert en 2-6 tsjin Aldegea-SWH wiene sprekkend genôch, en tsjin Lollum/Waaksens koene de Blauhústers it ek net oprêde.

    Lollum sels wie der troch it missen fan sterke spilers as Foeke Tiemensma en Hans Jansen ferlike mei ferline jier ek net sterker op wurden. In stunt tsjin Hartwert (3,5-4,5) en Aldegea (3-5) siet der no krekt net yn. En dêrmei soe alle ôfhingje fan e lêste omloop, doe t de beide favoriten Hartwert en Aldegea tsjininoar moasten. Hartwert hie dêrby it lytse foardiel dat it yn e beide eardere wedstriden krekt wat mear buordpunten byinoar skarrele hie as Aldegea; in lykspul soe dêrom genôch wêze foar it kampioenskip.

    De striid begûn foar de Hartwerters ek goed mei in oerwinning fan e jeuchlike Sjoerd Teake Kooistra. Mar even letter luts de Aldegeaster feteraan Gerrit Schilstra de stân wer gelyk, en Jouke Wijnja sette de klup sels op foarsprong. Hiel wichtich wie dêrnei de flater fan e Aldegeaster Siebe Walinga op it earste boerd tsjin achttjinfâldich persoanlik kampioen Taeke Kooistra. Dêrnei sette Jan Bouma de Hartwerters sels op foarsprong, mar Willem Hoekstra luts de stân op en nij yn it lykwicht, en dat bleau sa nei it kampspul tusken Folkert Groenveld en Tsjerk Wijbenga.

    Doe hong alles dus ôf fan e lêste partij, dy tusken Hein de Vries en Henk Haanstra. It folk klofte gear om harren boerd, de spanning wie om te snijen. Haanstra hie syn houtsjes net al te lokkich delset, en moast lang om let de ferliezershân útstekke. In lûd gerop en geraas ûntlade him dêrnei yn e Hartwerter kielen.

    Yn e twadde klasse soarge it sterke Skarnegoutum der foar dat it fuortendaliks wer werompromovearre nei it heechste nivo. Jorwert, dat De Gaastmar foarbleau, waard hjir fertsjinstlik twads. Yn e tredde klasse wie neffens ferwachting de twadde ploech fan Hartwert it sterkste. Lêst waard hjir de Boalsert-Warkumkombinaasje, in ploechje "Hollânske" dammers dat him ek wol ris weagje woe oan e Frysk fariant fan it damspul. It gong harren ek net iens ûnaardich ôf, mar earemetaal smiet it net op.



    Utslaggen klupkampioenskippen Frysk damjen 2019

    Kampioensklasse: Hartwert - Blauhús 7-1, Aldegea - Lollum 5-3; Lollum - Hartwert 3,5-4,5, Blauhús - Aldegea 2-6; Aldegea - Hartwert 3,5-4,5, Blauhús - Lollum 3-5.
    Einstân (mei tusken heakjes it tal buordpunten): Hartwert 3 (16); Aldegea 2 (14,5); Lollum 1 (11,5); Blauhús 0 (6).

    Twadde klasse: Skearnegoutum I - Skearnegoutum II 6,5-1,5, De Gaastmar - Jorwert 2,5-5,5; Jorwert -Skearnegoutum I 2,5-5,5, Skearnegoutum II - De Gaastmar 1-7; De Gaastmar - Skearnegoutum I 1-7, Skearnegoutum II - Jorwert 1-7.
    Einstân: Skearnegoutum I 3 (19); Jorwert 2 (15); De Gaastmar 1 (10,5); Skearnegoutum II 0 (3,5).

    Tredde klasse: Hartwert 2A - Aldegea 2A 4-0, Boalsert/Warkum 1B - Aldegea 2B 0,5-3,5, Boalsert/Warkum 1A - Hartwert 2B 2-2; Aldegea 2A - Boalsert/Warkum1A 2-2, Hartwert 2B - Boalsert/Warkum 1B 3-1, Aldegea 2B -Hartwert 2A 0,5-3,5; Hartwert 2A - Boalsert/Warkum 1A 3-1, Aldegea 2B - Hartwert 2B 1-3, Aldegea 2A - Boalsert/Warkum 1B 2-2.
    Einstân: Hartwert II 5,5 (18,5); Aldegea II 2 (9); Boalsert/Warkum 1,5 (8,5).

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Rabobank
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch