Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2019
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
  • It hie minder kinnen, mar noch minder
  • Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 20
  • De jeugd hat de takomst.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Jelle Wiersma nimt kop yn damkampioenskip

    Jelle Wiersma is it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul goed begûn. It waard de Wommelser sneon yn Hartwert yn de earste twa omlopen ek net al te dreech makke. Earst ferseach Hein de Vries him yn e iepening, dat dy partij wie al nei njoggen setten beslikke. Dêrnei beoardiele Tjerk Wijbenga in damtrochbraak wat al te optimistysk. Hy hie de stân materieel wer yn it lykwicht bringe kind, mar liet dat gewurde, en dat betearde foar de Arumer net goed.

     

    Underwilens liet de konkurrinsje al punten sitte. Taeke Kooistra koe syn thúsfoardiel tsjin Siebe Walinga (Aldegea-SWF) net fersulverje; hy kaam net fierder as kamp. Walinga syn broer Marten mocht sels fan alle gelok sprekke dat Pieter Hoogterp yn it einspul de kop der net hielendal by hie. No bleau de skea foar de Waaksenser beheind ta in heal punt.

     

    By de twadde acht hat Willem Schaap fan Dearsum allinne de kop naam. Yn e tredde acht steane good old Sjoerd Couperus en Piet Sikma boppeoan. Sy fersloegen de Jorwerters Siebren Dyk en Frans Kingma.

     

     

    Utslaggen en tuskenstannen

     

    Kampioensklasse, earste omloop: Hein de Vries (Ljouwert) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) - Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5, Piter Hoogterp (De Gaastmar) - Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5; twadde omloop: Wiersma - Wijbenga 1-0, Haanstra - De Vries 1-0, Kooistra - Hoogterp 1-0, Marten Walinga - Siebe Walinga 1-0.

    Stân: Wiersma 2; M. Walinga en Kooistra 1,5; Haanstra en Wijbenga 1; Hoogterp en S. Walinga 0,5; De Vries 0.

     

    Twadde achtearste omloop: Willem Schaap (Dearsum) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 1-0, Bauke Dijkstra (De Tynje) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) - Kees Tijssen (Reduzum) 0-1; twadde omloop: Hoekstra - Wiersma 1-0, Bakker - Schaap 0-1, Groenveld - Westra 0-1, Tijssen - Dijkstra 0-1.

    Stân: Schaap 2; Dijkstra 1,5; Hoekstra, Tijssen, Westra en Wiersma 1; Groenveld 0,5; Bakker 0.

     

     

    Tredde achtearste omloop: Ype Boelens (Menaam) - Dicky van der Meer (Terherne) 0-1, Klaas Wiersma (Nijbeets) - Cor Kooistra (Nijlân) útsteld, Siebren Dyk (Jorwert) - Piet Sikma (Hartwert) 0-1, Frans Kingma (Jorwert) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; twadde omloop: Van der Meer - Wiersma 0-1, Kooistra - Boelens 1-0, Sikma - Kingma 1-0, Couperus - Dyk 1-0.

    Stân: Couperus en Sikma 2-2; Kooistra en Wiersma 1-1; Van der Meer 2-1; Boelens, Dyk en Kingma 2-0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Narwal
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Noflik
    • Rabobank
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch