Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2019
  • Twa kear yn ien ferhaaltsje troch de s
  • Jelle Wiersma op nij damkampioen
  • Kampioenskip jeugd, pupillen en begjin
  • Jelle Wiersma haldt kopposysje
  • Dammer Wiersma rint skea op
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Dammer Wiersma rint skea op

     

     

    Yn e earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul like it der op dat regearjend kampioen Jelle Wiersma wol wer oer elkenien hinne batse soe. Lykwols, dat byld moat nei de tredde omloop justjes bysteld wurde. Wiersma moast it tiisdeitejûn yn Jorwert opnimme tsjin Marten Walinga, dochs ek in favoryt foar de titel, en net te ferjitten ôfrûne simmer de earste wrâldkampioen yn it Frysk damjen wurden. Dat twong sa t it liket respekt ôf. De mannen gongen tige hoeden te wurk, en nei al dy ôfroalderij wie it ek gjin niget dat it úteinliks op in kampspul útdraaide.

     

    Taeke Kooistra hie troch dat resultaat op likense hichte komme kind, mar hy profitearre net. Wol koe de Hartwerter tsjin Henk Haanstra al rillegau in daam helje, mar dat bliek net in duorsum gefal. Dêrnei meneuvele Haanstra syn houtsjes sa tûk teplak dat Kooistra optlêst gjin set mear oer hie. De Aldegeaster makket troch dy oerwinning mei Marten Walinga diel út fan in ploechje efterfolgers op Wiersma. Dêr heart ek Tjerk Wijbenga by. Nei in lykopgeande striid makke de Arumer tsjin Siebe Walinga handich gebrûk fan e spulregel yn it Frysk damjen dat daamslach foargiet.

     

    Yn e twadde acht is Willem Schaap (Dearsum) de iennichste dy t noch net in skawankje oprûn hat. Noch in klasse leger binne it de feteranen Cor Kooistra en Sjoerd Couperus dy t as iennichsten de folle winst ynhelle hawwe.

     

     

     

    Utslaggen en tuskenstannen tredde omloop persoanlik kampioenskip Frysk damjen

     

    tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) - Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Taeke Kooistra (Hartwert) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) - Piter Hoogterp (De Gaastmar) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) - Siebe Walinga (Aldegea SWF) 1-0.

    Stân: Wiersma 2,5; Haanstra, M. Walinga en Wijbenga 2; Hoogterp en Kooistra 1,5; S. Walinga 0,5; De Vries 0.

     

    tredde omloop: Willem Hoekstra (Aldegea SWF) - Kees Tijssen (Reduzum) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) - Liuwe Westra (Lollum) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 0-1.

    Stân: Schaap 3; Dijkstra 2,5; Tijssen 2; Groenveld, Hoekstra, Westra en Wiersma 1; Bakker 0,5.

     

    tredde omloop: Dicky van der Meer (Terherne) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) - Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Ype Boelens (Menaam) - Frans Kingma (Jorwert) 1-0, Klaas Wiersma (Nijbeets) - Siebren Dyk (Jorwert) 0-1.

    Stân: Couperus en Kooistra 3; Sikma 2; Boelens, Dyk, Van der Meer en Wiersma 1; Kingma 0.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Lip en partners
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch