Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2019
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
  • It hie minder kinnen, mar noch minder
  • Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 20
  • De jeugd hat de takomst.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Twa kear yn ien ferhaaltsje troch de snoade meter.

    It nijs moat fansels oer de buorren. Dêrom diskear ek noch de útslaggen fan ferline wike. Troch it ûntbrekken fan ynternet fanwege it pleatsen fan de “slimme” meter koe it nijs net fierder komme as de kompjûter fan de skriuwer. No is alles wer ynoarder en is it worldwide net wer beskikber. 

    It opfallendste fan de lêste damjûn wie de prachtige dûbele flypflap dy’t Dicky van der Meer der úthelle yn syn boeiende partij tsjin Willem Schaap. De lêste hat hin ôfrûne wykein yn de kampioensklasse damme en Dicky rêde it net op om út de tredde acht wei te kommen. Beide feiten wienen bysûnder. Willem foar de earste kear op it heechste nivo en Dicky dy’t troch in pear blunders net fierder kaam as it fjirde plak yn de tredde acht.

    Moandeitejûn seagen wy yn de partij tusken de beide mannen, dat it nivo tusken de klassen  hiel ticht by elkoar leit. Gewoanwei soe men sizze dat ien út de kampioensklasse it winne sil tsjin ien út de tredde acht. Mar nee dus. Van der Meer liet him fan syn bêste kant sjen troch Schaap even goed by de kladden te pakken. In masterlike set, oars kinne wy net sizze. De stân dy’t fansels ek op de groepsapp fan de Strikers pronke sil nije wike noch rom en breed op it boerd komme, tinkt de skriuwer. Sa’n set makket it Fryske spul sa aldermiterste moai.

     

    Utslaggen 11-02-2019  Willem Schaap – Tineke Teigeler 1 – 0; Sjoerd Huitema – Cor Kooistra 0 – 1;Ype Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Bauke Bos 1 – 0; Bauke de Boer – Hester Boelens ½ - ½; 18-02: Dicky van der Meer – Willem Schaap 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0; Hennie de Haan – Ype Boelens 0 – 1; Hester Boelens – Tineke Teigeler 0 – 1; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Tineke Teigeler 1 – 0; Neikompetysje: Bauke Bos – Bauke de Boer ½ -½.



    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    Dizze webside is mei mooglik makke troch