LiveARGYF2019 Strikers winne wer MINI
Hy mocht it sinterklaazjen net mear me
Persoanlike kampioenskippen 3e acht
Lotting twadde ronde Fryslankup
Utslaggen kampioenskip FRYSK! te Wurdu
>> meer
2018 Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
Skearnegoutum op en nij minikampioen
In bysûnder sinteklazefeest by de Str
>> meer
2017 Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
Lotting tredde ronde Fryslânkup
Twadde ronde Fryslânkup
Hartwert in maatsje te grut foar de St
Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
>> meer
2016 Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
De klok wie ûnferbidlik.
Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
Wiersma’s stryk-ta partij
Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
>> meer
2015 De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
Foeke Tiemensma kampioen Frysk
Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
Loting Fryslânkup
Mei in needgong op nei de ein.
>> meer
2014 Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
Earste omloop kampioenskippen begjinne
Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
>> meer
2013 PK legere klassen en froulju yn Aldege
1e foarronde persoanlike kampioenskip
Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
>> meer
2012 Dochs noch in moai protsje dammers.
>> meer
|
Taeke Kooistra allinne oan kop (ferslach tredde omloop p.k. Frysk damjen)
De tredde omloop fan it persoanlik kampioenskip, tradysjoneel op in tiisdeitejûn ferspile op 'e boppeseal fan it ferneamde kafee "Het Wapen van Baarderadeel" yn Jorwert, hat soms syn nuveraardige útfallen. Net alle dammers binne fen fan dy jûnspartij, en seker fan dyjingen dy't oerdei al foar har wurk drok yn it spier west ha, is soks ek te begripen. De Jorwerter útslaggen fan dizze wike hawwe miskien ek al de basis lein foar it kampioenskip.
As dat sa is, dan hat Taeke Kooistra in grutte slach slein. Sels krige er tsjin syn grutte konkurrint Folkert Groenveld licht foardiel, en dat koed er oan 'e ein kreas yn winst omsette. Goenveld waard dêrmei weromsmiten nei de middenmoat. Miskien noch wol sa wichtich wie dat regearjend kampioen Jelle Wiersma it hiel dreech hie tsjin Henk Haanstra. Doe't de krûddampen fan 'e tiidneedfaze oplutsen wiene, hie Wiersma njonken in daam noch al in ekstra houtsje, mar dat skyfke moast hast it hiele boerd oerstekke om fersulvere te wurden, en dy reis bliek te lang. Dat betsjut dat Wiersma in heal punt achter kaam is yn 'e kampioensrees. Hy stiet no gelyk mei Marten Walinga, dy't al yn in jier stadium mei Augustinus van der Goot ôfweefde. Underoan 'e ranglist rekke promovendus Foeke Tiemensma syn haatlike nul kwyt. "As foarsitter fan it dambûn moatte jo de leden ek wat gunne", sa ferklearre Siebe Walinga syn ferlies, mar oft de man dat no alhiel miende is de fraach.
De tastân by de twadde acht is troch it útfallen fan Kees Tijssen wat ûnoersichtlik. Ynearsten hawwe Sjoerd Jan Bakker en Tjerk Wijbinga hjir de kop naam, mar beide mannen hawwe al skea oprûn. Bakker wûn oars fan Klaas Wiersma, mar Wijbinga kaam nei in lange partij tsjin Willem Hoekstra net fierder as kamp. Se wurde folge troch Pieter Hoogterp, dy't troch tûk manûvrearjen Hein de Vries te pakken naam.
Yn 'e tredde acht is noch mar ien man mei de folle winst. Dat is Rein Jan Walinga, dy't yn Jorwert Bauke Dijkstra te plak sette. Sjoerd Couperus, winnend fan Piet Sikma, hat ek twa punten, mar hy hat dêrfoar wol in partij mear nedich hân. It is oars foar de relative damfeteranen yn dizze klasse ferstannich om de jeuchlike Harmen Westra yn 'e gaten te hâlden. Hy spile dan wol kamp tsjin Fedde Wiersma, mar hat út twa partijen dochs al oardel punt te pakken. Heit Liuwe die it mei syn winst op Jappie de Jong ek net min.
Kommende sneon wurdt it kampioenskip fuortset yn it doarpshûs fan De Gaastmar.
Utslaggen tredde omloop
Kampionsklasse: Jelle Wiersma (Wommels) - Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5, Taeke Kooistra (Hartwert) - Folkert Groenveld (Jutryp) 1-0, Augustinus van der Goot (Snits) - Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 0-1. Tuskenstân: Kooistra 3 punten; Wiersma 2,5; M. Walinga 2,5; Groenveld 1,5; Haanstra 1,5; Tiemensma 1; Van der Goot 0; S. Walinga 0. Twadde acht: Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Hein de Vries (Ljouwert) 1-0, Tjerk Wijbinga (Arum) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5. Tuskenstân: Bakker 3-2; Wijbinga 3-2; Hoogterp 3-1,5; Kooistra 2-1; De Vries 2-1; Wiersma 3-1; Hoekstra 2-0,5. Tredde acht: Sjoerd Couperus (Snits) - Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Jappie de Jong (Blauhús) - Liuwe Westra (Lollum) 0-1, Bauke Dijkstra (De Tynje) - Rein Jan Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) - Harmen Westra (Lollum) 0,5-0,5. Tuskenstân: Walinga 2-2; Couperus 3-2; H. Westra 2-1,5; Wiersma 3-1,5; L. Westra 1-1; De Jong 3-1; Dijkstra 3-1; Sikma 3-0.
<< Werom
|