• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Dammer Taeke Kooistra stevich oan kop

    Yn de sneon op 'e Gaastmar ferspile fjirde en fyfde omloop fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul hat Taeke Kooistra (Hartwert) bêste saken dien. Hy hold neiste konkurrint Marten Walinga (Waaksens) op kamp, en wûn nei in pittich einspul fan 'e Frjentsjerter debutant Foeke Tiemensma. Tiemensma hie earder op 'e dei noch in hiele knappe prestaasje levere mei syn oerwinning op 'e notiidske titeldrager Jelle Wiersma (Wommels). Dêrmei waard dy de grutte ferliezer fan 'e dei. Sa't it no stiet sil Wiersma wer ôflost wurde troch Taeke Kooistra, al moat dy dan kommende sneon yn Lollum by de lêste twa omlopen gjin misstappen sette.

    Troch it navenant grutte tal remizes wie der mar ien dy't de folle winst oer twa partijen helle. Folkert Groenveld (Jutryp) wûn sawol fan Augustinus van der Goot (Snits) as fan Siebe Walinga (Aldegea SWF). Groenveld focht him dêrmei werom nei it twadde plak, dat er diele moat mei Marten Walinga. Fan de trije boppesten liket Walinga yn 'e lêste twa omlopen it maklikste programma te hawwen, mar de punt efterstân op Taeke Kooistra koe wol ris tefolle wêze.

    Yn 'e twadde acht makke Sjoerd Jan Bakker (Snits) yndruk troch syn oerwinnings op Hein de de Vries (Ljouwert) en Willem Hoekstra (Aldegea SWF). Yn 'e tredde acht is it spannender. Good old Sjoerd Couperus stiet dêr oan kop, mar der binne noch ferskate konkurrinten dy't him ynhelje kinne.

    Utslaggen en tuskenstannen

    Kampioensklasse, fjirde omloop: Foeke Tiemensma (Frjentsjer) - Jelle Wiersma (Wommels) 1-0, Marten Walinga (Waaksens) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5, Augustinus van der Goot (Snits) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5; fyfde omloop: Wiersma - Marten Walinga 0,5-0,5, Kooistra - Tiemensma 1-0, Groenveld - Siebe Walinga 1-0, Haanstra - Van der Goot 0-1.
    Tuskenstân: Kooistra 4,5 punten; M. Walinga 3,5; Groenveld 3,5; Wiersma 3; Haanstra 2; Tiemensma 2; Van der Goot 1; S. Walinga 0,5.

    Twadde acht, fjirde omloop: Willem Hoekstra (Aldegea SWF) - Cor Kooistra (Nijlân) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0; fyfde omloop: Kooistra - De Vries 0-1, Bakker - Hoekstra 1-0, Wiersma - Wijbinga útsteld.
    Tuskenstân: Bakker 5-4; Hoogterp 4-2,5; Wijbinga 3-2; De Vries 4-2; Hoekstra 4-1,5; Kooistra 4-1; Wiersma 4-1.

    Tredde acht, fjirde omloop: Harmen Westra (Lollum) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Rein Jan Walinga (Aldegea SWF) - Jappie de Jong (Blauhús) 1-0, Bauke Dijkstra (De Tynje) - Liuwe Westra (Lollum) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) - Piet Sikma (Hartwert) 1-0; fyfde omloop: Couperus - Walinga 1-0, De Jong - Harmen Westra 1-0, Liuwe Westra - Wiersma 0-1, Sikma - Dijkstra 0-1.
    Tuskenstân: Couperus 5-4; Wiersma 5-3,5; Walinga 4-3; Dijkstra 5-3; H. Westra 5-2,5; De Jong 5-2; L. Westra 4-1; Sikma 5-0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    Dizze webside is mei mooglik makke troch