• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Twa froulju binne dy Bauke Bos net te
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Soenen de aaisikers no de maitiid al yn de kop ha?

     

    Skearnegoutum. It liket en it fielt bûten op ’t heden wol maitiid, mar dat wol noch net sizze dat de aaisikers no al de greiden yn moatte, soe men sa sizze. Dochs wiene de beide aaisikers fan de de Stadige Strikers net oanwêzich by it damjen. Dat guon tochten al dat it de beide mannen, Ynte Dykstra en Kees Willem Koopmans, sa’n bytsje yn de kop slein wie om no al it lân yn te sjitten. Nije wike sille wy wol it ien en oar fan de “spijbelers” hearre.

     

    De droege woarsten kin Sjoerd jan bakker hast priuwe. Moandeitejûn wûn er al wer. Dat is al de tredde oerwinning op rige. Hy siet tsjin Bauke Dykstra. Oer de partij wie it iene momint noch neat te sizzen en in pear tellen letter wie it foar Dykstra ferkeken. Hy hie it ear wer wat  tefolle nei it praat fan Sjoerd Jan hingje litten, dy’t der striemin op stie. Ja sei Bauke: “No haw ik wer in fout makke, it is om gek fan te wurden!” En mear wurden fan dy strekking.

     

    Bakker koe allinne mar opmerke, dat it echt Dykstra west hie dy’t strutsen hie. Dêr koe Bauke neat tsjin ynbringe en hy sei: “Ik haw it sels dien!” Sa is it mar krekt mei it damjen, men kin eins nea it ferlies op in oar ôfskowe.

    No’t de gewoane kompetysje sa goed as út is, binne de measte spullen foar de droege woarste-kompetysje. It is in goeie saak dat de echte kompetysje no hast hielendal ferspile is. Jierrenlang slagge dat net, om’t der tefolle partijen spile wurde moasten. No spylje wy yn twa klassen en dat foldocht ek tige skoan. No derop ta ek noch in neigesetsje om woarst.

     

    Tsjerk Wiersma wûn tsjin Rients Wijnia yn in hiele moaie partij. Beide mannen genieten fan it spul sa as se dat op it boerd skoden.

    It is ek altiten in aardichheid hoe’t Jelle Wiersma in wike letter noch op in net troch himsels spile partij werom komme kin. Dan freget er: “Hoe stûn dat ferline wike ek al wer yn jim partij!” Dat wurdt dan foar de measten in hiele toer om dat wer boppe wetter te krijen. Jelle wit der faaks noch folle mear fan as de spilers sels. Sa wie dat moandeitejûn ek. It gyng oer de partij tusken bakker en Kooistra. De stân kaam op it boerd. Kooistra hie de wyks dêrfoar in hiel skoft oer in set tocht, want hy besocht om in daam te heljen yn de koarte hoeke. Mar om in ferhaal koart te meitsjen: it slagge net. Jelle liet no sjen hoe’t it wol koe. Wol mei in pear houtsjes efter, dat wol. Mar it koe! Prachtich! Ferline wike ha ek alle Strikers har mei ferbazing fergappe oan de geweldige flypflappen dy’t Jelle der úthelle om Folkert op it PK moares te learen.Geweldich.

     

    Utslaggen: Ype Boelens – Cor Kooistra 0 – 1; Rients Wijnia – Tsjerk Wiersma 0 – 1; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Sjoerd Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Sven Kalsbeek 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Noflik
    • Rabobank
    • Walinga
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch