• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Harry doart it wol oan, yn ien kear de hiele bups.

    Skearnegoutum. Dy Harry Postma kaam moandeitejûn mei in dryst útstel. Hy woe syn twadde partij fan de kompetysje wol yn ien kear tsjin de hiele twadde klasse fan de Stadige Strikers spylje. No dan doare jo wol. Oan de oare kant is it wol te begripen. Hy begûn pas oan de kompetysje healwei jannewaris. Dat koe troch syn wurk fier bûten de provinsje ek net oars. No oer fjirtjin dagen yn ien kear it hiele swikje.

    Moandeitejûn moast er noch twa spullen foar de earste omloop. Fuortendaliks ek mar twa tagelyk. Koe er efkes oan it simultaandamjen wenne. No dat foel him noch net ta. Hy kaam ta fyftich persint: ien wûn en de oare ferlern. Tsjin Tineke Teigeler koe er dien wurk meitsje, mar ûndertusken stie er wol striemin tsjin dy âlde rôt fan in Tsjerk Wiersma: 85 jier, mar strike as in jongkeardel. Harry soe him noch wakker opskerpje om de partij wer wat yn it gareel te krijen, mar dat mislearre, om’t Tsjerk totaal net meiwurkje woe. Kinst begripe, dy man fergappet him no al op de twadde striid oer twa wike. Foar Harry siet der neat oars op as dat er de hân jaan moast.

    Hy kin net allinne goed damje, mar op it fuotbalfjild kin er him ek goed rêde. De ferslachjouwer seach him op it fjild yn Nijlân aktearjen. No dat wie echt wol om oan te sjen. As it Hearrefean wer ris sûnder middenfjilders sit kinne se Sven Kalsbeek wol belje. Syn damjen gyng dit jier ek mei sprongen foarút, allinne wie dêr moandeitejûn net folle fan te merken. Dat kin fansels ek te meitsjen hân ha mei syn tsjinstanster: Hennie de Haan. Mooglik hat sy der foar soarge dat ús benjamin der op kaam te stean as in bosk woartels. Hy tocht in hiele tiid nei hoe’t er him der út rêde soe. Der wie noch ien mooglikheid om wat better stean te kinnen, mar dat seach Sven oer de kop. De streek dy’t er die, joech Hennie de kâns om dy hiele woartelbrot op te romjen. No dat die se mar al te graach en sa ferlear ús fuotballer de striid op it boerd mei de fyftich fjilden.

    Wy tochten moandeitejûn dat wy der twa dammers by krije soenen. Der stapten twa fan dy jongkeardels it Swettehûs yn en sy ynformearren yn de gong nei it damjen. Dat hearden de measte Strikers en se seagen tige ferheard op doe’t bliken die dat in pear Aldegeasters binnenstapten yn de dambar. Doe die bliken dat se wol hiel betiid oanwêzich wienen foar de twastriid fan nije wike. Se woenen it suver net leauwe dat se ryklik oan de betide kant wienen. Se seinen: “Ferline wike ha se it by ús op de klup noch sein!” No wurdt dêr yn Aldegea wol ris faker wat jeuzele en moatte jo it foaral net al te serieus nimme. Dêr kamen de mannen no ek efter. Se woenen trouwens net bliuwe, want se moasten earst efkes wat rjocht sette op eigen klup. Dat wy as Strikers moatte der nije wike net raar fan opsjen dat der in pear gasten mei in blau each de seal ynstappe sille.

    Utslach: Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Rients Wijnia – Bauke Bos 0 – 1; Harry Postma – Tsjerk Wiersma 0 – 1; Harry Postma – Tineke Teigeler 1 – 0;  Hennie de Haan – Sven Kalsbeek 1 – 0; Bauke Dykstra – Willem Schaap 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Walinga
    • Rabobank
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch