• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Folkert Groenveld kampioen Frysk fluchdamjen

     

     

    Aldegea SWF -- Folkert Groenveld (Jutryp) is freedtejûn yn Aldegea SWF kampioen wurden yn it fluchdamjen Frysk spul. Hy spile ien kear kamp, mar wûn fierders alles. Oan 'e ein fan 'e sân omlopen hied er sa krekt in heal puntsje mear as de kampioen fan ferline jier, Jelle Wiersma fan Wommels. Manfred de Wolff einige ek op seis punten, en omdat hy in klasse leger ynskaald wie, gong dizze Blauhúster úteinliks mei de twadde priis nei hûs.

     

    De útslaggen litte sjen dat it fluchdamjen, dêr't de dielnimmers mar tsien menuten tinktiid hawwe, in dissipline op himsels is. Erkende damkanonnen as Marten Walinga (Waaksens) en Foeke Tiemensma (Frjentsjer) kamen der bygelyks mei 5 en 4,5 punten net oan te pas.

     

    De 50 dielnimmers spilen neffens it Switserse systeem, wêrby't alle dammers op ien list útkamen.  Earste prizen waarden ek helle troch Bauke Bos (St. Nyk, earste klasse), de jeugdige en tige sterk spyljende Lammert Stegenga (Aldegea-SWF, tredde klasse), en de húsdammer Siebren Reitsma út Sânfurd.

     

    Lykas de lêste jierren wenst is, waard it barren no ek wer life útstjoerd fia it ynternetkanaal  fan Omrop Fryslân, opfleure mei it karakteristike kommintaar fan Klaas Jansma. Likegoed lei der in skaad oer it kampioenskip troch it hommelse ferstjerren fan Stoffel Bouma, ien fan Fryslâns sterkste dammers. Foar it begjin fan 'e striid waard foar him in menút stilte yn acht nommen. De dammers fan Bouma syn klup Hartwert wiene ek thús bleaun, wat it tal dielnimmers nochal redusearre.

     

     

    Utslach oer sân omlopen

     

    (By eltse spiler stiet tusken heakjes it plak op de einlist. By likefolle wedstriidpunten jouwe wjerstânspunten de trochslach)

     

    Eare-klasse

    1.Folkert Groenveld, Jutryp 6,5pt.(1); 2.Jelle Wiersma, Wommels 6pt.(3); 3.Cor Kooistra, Nijlân 5,5pt.(4); 4.Henk Haanstra, Aldegea-SWF 5pt.(5); 5.Marten Walinga, Waaksens 5pt.(6); 6.Foeke Tiemensma, Frjentsjer 4,5pt.(11); 7.Pieter Hoogterp, De Gaastmar 4pt.(17); 8.Tjerk Wijbenga, Arum 4pt.(19).

    Haadklasse A

    1.Manfred de Wolff, Blauhús 6pt.(2); 2.Marcel Altena, Blauhús 5 pt.(7); 3.Jacob van der Goot, De Gaastmar 5pt.(8); 4.Jappie de Jong, Blauhús 5pt.(9); 5.Sjoerd Couperus, Snits 4,5 pt.(10); 6.Willem Schaap, Dearsum 4,5 pt.(12); 7.Johan Flapper, Blauhús 4,5pt.(13); 8.Bernard Kroon, Blauhús 4pt.(16); 9.Folkert Attema, Ysbrechtum 4pt.(18); 10.Liuwe Westra, Lollum 4pt.(21); 11.ReinJan Walinga, Aldegea-SWF 3,5 pt.(25); 12.Bauke Dijkstra, De Tynje 3pt.(28); 13.Leo Altena, Dedzjum 3pt.(35).

    Earste Klasse

    1.Bauke Bos, Sint Nyk 4pt.(14); 2.Sjouke Attema, De Gaastmar 4pt.(15); 3.Rindert Walinga, Waaksens 4pt.(22); 4.Michiel Zeinstra, Blauhús 3pt.(29); 5.Sybren Dijk, Jorwert 3pt.(30); 6.Jan Nauta, Bitgummole 3pt.(34); 7.Beke Haanstra, Aldegea-SWF 2,5 pt.(39); 8.Sietze de Jong, Aldegea-SWF 2pt.(43).

    Tredde Klasse

    1.Lammert Stegenga, Aldegea-SWF 4 pt.(20); 2.Gosse de Vries, Aldegea-SWF 4pt.(23); 3.Fokke Walinga Aldegea-SWF 4pt.(24); 4.Sven Kalsbeek, Skearnegoutum 3,5 pt.(26); 5.Jolke Groenveld, Sânfurd 3,5pt.(27); 6.Hennie de Haan, Snits 3pt.(31); 7.Minne Posthuma, Aldegea-SWF 3pt.(32); 8.Durk Rypma, Aldegea-SWF 3pt.(33); 9.Alie Cnossen, Aldegea-SWF 3 pt.(37); 10.Marjolijn Bakker, Sibrandabuorren 3pt.(38); 11.Meindert Ykema, Sânfurd 2pt.(41); 12.Tineke Teigeler, Sibrandabuorren 2pt.(42); 13.Gertjan van der Kamp, Jorwert 2pt.(46).

    Iepen Klasse

    1.Siebren Reitsma, Sânfurd 3pt.(36); 2.Rink Bootsma, Aldegea-SWF 2pt.(40); 3.Pieter Breeuwsma, Wommels 2pt.(44); 4.Klaas Koopmans, Warkum 2pt.(45); 5.Durk Boschma, Idzegea 1pt.(47); 6.Foeke Groenveld, Aldegea-SWF 1pt.(48); 7.Roelof Fopma, Nijhuzum 1pt.(49); 8.Jos Thio, Westhim 1pt.(50).

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    Dizze webside is mei mooglik makke troch