• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De oerwinning fan de Strikers foel suver wat te rom út.

     

    Skearnegoutum. Mei sokke sifers ha De Stadige Strikers noch nea wûn. Mei mar leafst 10 – 2 waard Nocht & kriich út Aldegea te plak setten. In sege dy’t suver wat te rom út foel. Sa mâl hie it no fansels ek net hoegd, mar it wie sa. Alle útslaggen binne noch kritysk neisjoen troch de foarsitter fan N & K. Hy koe net oars as it der mei iens wêze.

    De gasten wienen dochs al wat yn de war. Sa kamen in wike lyn al twa fan harren it Swettehûs ynstappen. Boppedat hearden wy letter dat der noch ien yn Skearnegoutum oankommen wie, mar dy is gau rjochtsomkeard gien doe’t er hearde fan syn maten dat it nije wike wie. Fan dy trije melden har moandeitejûn twa ôf fanwege sykte. Ja dan giet it al by it begjin mis. Hoewol, der misten ek twa sterke Strikers: Dicky van der Meer en Harry Postma.

    It waard in striid fan tolve tsjin tolve. Trije Strikers waarden bombardearre ta taskôger. Kofjeskinke hoegde ek net, om’t de hiele jûn de dammers fersjoen waarden fan harren drankjes troch in echte frijwilliger. Grutte klasse!

    De punten reinden binnen. Bauke de Boer, 91 jier, wie ien fan de earsten dy’t de winst op easke. Dêrnei folgen der mear. Ien ferliespartij moasten de Strikers ynkassearje. Wy snappe it net, mar Ynte, it talint, liet him de tsiis fan de bôle frette. No siet er tsjin Beke Haanstra en elk wit dat as jo tsjin him moatte jo der goed foar sitten gean moatte. Him ha jo net sa mar op ’e rêch. By Ynte gyng miskien it iene nei it oare oer de wjuk en dan wol it damjen net mear sa sear. Sa gyng it miskien ek mei de oare fjildman, Kees Willem Koopmans. Hy spile noch wol kamp, mar der hie mooglik mear yn sitten. No gunden de Strikers syn tsjinstanner fan herte dy heale punt. Hy makke de reis nei Skearnegoutum foar de twadde kear yn ien wike. Wy fine dat Sietse dan sa’n heal puntsje wol fertsjinne hat.

    De twadde kamp wie in kadootsje fan Sjoerd Jan Bakker. Hy stûn yn it einspul in houtsje foar. Koe it frij maklik út meitsje. Wat wy hielendal net fan Bakker wend binne barde moandeitejûn. Hy die in ûnmooglike streek. Henk Haanstra, in soan fan, hapte fuort ta en skuorde der kamp út. En sa soargen de net fersleine Haanstra’s der foar dat der noch oardelpunt boekt wurde koe. Plus Sietse de Jong syn heale punt. Dat makke in totaal fan twa punten.

    Fansels hienen in pear partijen oars útfalle kinnen. As Rein Jan net it ferkearde houtsje pakt hie en as Folkert wat mear tiid hân hie, sloech er fêst wol goed. Mar ja dat is as en dat telt net. It rûn diskear oars.

    Doe wie it tiid foar it útrikken fan de beker. De Strikers gyngen der netsjes foar sitten. Mar wêr wie dy beker? Doe kaam de aap út de mouwe. De Krigers mei Nocht hienen de beker ferjitten, sa ‘t se seinen. Dat kin fansels, mar mooglik ha se ek tocht: “Dy beker winne wy dochs, lit dy mar yn it Joo stean!” De foarsitter jeuzele der noch wol wat op om, mar dêr mei kaam de beker net foar it ljocht.

    Utslach; De Stadige Strikers – Nocht & kriich: 10 – 2.  Jelle Wiersma – Folkert Groenveld 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Henk Haanstra ½ - ½; Cor Kooistra – Sjoerd Couperus 1 – 0; Bauke Dykstra – Rein Jan Walinga 1 – 0;  Willem Schaap – Folkert Attema 1 – 0; Ype Boelens – Johannes Hoekstra 1 – 0; Ynte Dykstra – Beke Haanstra 0 – 1; Kees Willem Koopmans – Sietse de Jang ½ - ½; Bauke Bos – Meike van der Meer 1 – 0; Rients Wijnia – Durk Rypma 1 – 0; Bauke de Boer – Lammert Stegenga 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Fokke Walinga 1 – 0.

     

    PS De beker is tiisdeitejûn troch de foarsitter by de foarsitter fan de Strikers ôflevere. Wol wat let, mar better let as net.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch