• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • In bysűndere dei foar de Strikers en it damjen.

     

    Skearnegoutum. Justerjûn sieten de Strikers byelkoar yn it nije Swettehûs. De measten fan har hienen dêr de middeis ek sitten. Doe kamen se dêr gear nei de begraffenis fan ús tige wurdearre lid Hindrik Twijnstra. Dyselde middeis hienen trije leden fan de damklup fan Offenwier en trije dammers fan damklup De Stadige Strikers harren lid te hôf droegen yn Offenwier. In bysûnder barren: dammers Frysk en Hollânsk Spul dy’t op fersyk fan de ferstoarne syn winsk yn ferfolling brochten. Net tsjin elkoar, mar mei elkoar!

    Fansels waard dêr de jûns noch oer neipraten, mar der waard ek damme. It soe dizze jûn ommers heve. Harry Postma hie alle twadde klassers útdage om tsjin harren de twadde partij fan de kompetysje simultaan te damjen. Der hienen acht spilers sitte kinnen, mar twa ûntbrieken. Kees Willem wie krekt foar de earste kear heit wurden en Bauke de Boer moast earne oars wêze. Dus sieten der seis op in rige klear: fjouwer manlju en twa froulju. Nei in pear oeren kaam der aardich tekening yn de striid. Tineke Teigeler ferlear en dat die Tsjerk Wiersma ek. Bauke Bos tape út in oar fetsje en ûnderstreke dêrmei dat er de lêste tiden sterk fan him ôfbyt. Harry kaam, doe’t er twa efter stie, ta it beslút dat er better de hân jaan koe om him fierder ta te lizzen op de noch út te meitsjen trije oare spullen. Hennie hold lang stân, mar moast nei in flypflapke ferlieze.

    De twa oerbleaune partijen joegen sa op it earste gesicht net folle perspektyf foar de útdager. Rients Winia stie sterk en as er gjin rare útgliders meitsje soe dan hie de man de bút yn de knip. Harry seach dat ek wol yn, mar likegoed besocht er der noch út te heljen wat der yn siet. Allinnich wie dat mar in bytsje. Hy moast ek yn dizze partij yn it stof bite.

    Allinne siet Sven Kalsbeek doe noch. Sven spile in sterke partij, kaam ek ridlik gau in houtsje foar en bleau dat ek. Boppedat stienen syn houten sterk. Se besetten de lange line en Sven helle ek noch in daam. Foar Harry wie der eins gjin salve mear oan te striken. Mar ja sa lang as jo strikende binne is der hope. De lêste streken soenen set wurde. De klok sloech healwei tolven. De omstanners holden sa’n bytsje de siken yn. Se wisten allegearre dat it kat yn it bakje wie foar Sven. Hy hoegde allinne mar syn daam, fierôf fan it striidtoaniel ien fakje út de lange hoeke wei te skowen en de put wie der út. Sven tocht en tocht en doe seach er de oerwinning, mar it wie in fata morgana. Hy hie it sa moai úttocht, mar fergeat in daamslach. Hy joech Harry de punt kado, in presintsje dêr’t Harry net mear op rekkene hie.

    Utslaggen: Winners tsjin Harry Postma: Bauke Bos en Rients Winia. Ferliezers: Tineke Teigeler, Tsjerk Wiersma, Hennie de Haan en Sven Kalsbeek. Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Willem Schaap – Ype Boelens 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • D. Kuipers
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch