• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Pinksterblommen yn maart: it damjen moat ophâlde.

     

    Skearnegoutum. It is in hiele betide maitiid: de pinksterblommen stean ferdoarje al yn bloei. It wurdt tiid om op te hâlden mei it damjen, want it wurdt sa súntsjesoan ek minder  mei it damjen. De Stadige Strikers ha dêr ek mei te krijen. De measte dammers binne út wat de kompetysje oanbelanget en om yn de neikompetysje noch om in heale meter droege woarst te striken, hoecht net foar elkenien.

    Moandeitejûn strieken de echte dammers fansels noch wol om dy woarsten en al soenen dy der net tusken stean, soenen se likegoed noch damje. It giet harren net om de knikkerts, mar om it spultsje wêr’t se nea genôch fan krije. Sa woe Bauke Dykstra, hy lûkt him neat oan fan bloeiende pinksterblommen, ien kear yn de moanne trochgean om it spul wat waarm te hâlden. Foar de echte leafhawwers miskien in hiel goed idee. Wy moatte mar ris sjen wat soks opsmyt.

    It wie ien en al maitiid by de Strikers. Kees Willem Koopmans kaam deryn stappen mei in slach yn ’e rêch: hy wie foar de earste kear heit wurden. In dochter en neffens Kees soe it wol ris sa wêze kinne dat dy lytse letter in echte dammer wurde sil. Wy wachtsje it ôf. Boppedat naam Tineke in damster mei út Sibrandabuorren. No dat frommeske hie wol ris faker dwaande west mei houtsjes, dat koe men sa sjen. It Fryske spul wie har frjemd, mar se gyng der wol foar.

    Hy hie mooglik rekkene op in hiele bats punten, mar it foel dochs wol wat ôf foar Harry Postma. Dat simultaandamjen is sa maklik noch net. Ferline wike pakte er trije út seis en ôfrûne moandei moast er twa kear de holle bûge: earst foar de jonge heit, dy’t alles op alles sette om foar syn beide froulju net ôf te gean. Dizze útslach kin moai yn it plakboek fan de lytse. De nestor fan de klup, Bauke de Boer, wie yn de twadde partij Harry ek de baas. De earste hie er ek al wûn. Sadwaande bleau Postma op trije punten stean en oft Sven him ferline wike net sa raar fersjoen hie, dan hie it der noch folle mâler útsjoen.

    Dyselde Sven spile ek tsjin twa tagelyk. Tsjin Hinke ús gast en tsjin Tsjerk. Eins spile er allinne tsjin Tsjerk, want dy hie der wakker nocht oan om dat jonge frommes te helpen. Boppedat sieten der noch in pear dy’t graach de helpende hân útstutsen. Foar Sven wie der op sa’n wize net folle ear te beheljen.

    Utslaggen: Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra ½ - ½; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Hennie de Haan – Rients Winia 0 – 1; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke de Boer – Harry Postma 1 – 0; Kees Willem Koopmans – Harry Postma 1 – 0; Sven Kalsbeek – Tsjerk Wiersma 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch