• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De Strikers jouwe de houtsjes no foar earst wer ręst.

    Skearnegoutum. Yn in gesellige sfear is der moandeitejûn it damjen foar dit winterskoft útswaaid. It rûkte de hiele jûn nei droege woarst en bollebuiskes. Op de prizetafel stûn in keunststikje fan in selsmakke taart. Dy taart mei dêrop in prachtich damboerd en oan de kanten ferfraaid yn sierlike letters: De Stadige Strikers. Dizze taart, makke troch Tineke Teigeler, waard útroppen ta haadpriis fan de ferlotting. Al mei al in moaie ôfsluting fan it jier. De houtsjes krije no wer de fertsjinne simmerrêst.

    Kofjedrinke op kosten fan de klup mei in bollebuiske derby, bakt troch frou Twynstra, it koe net better. En der waard ek noch damme. Ferskate spultsjes waarden opsetten en ôfraffele. It moast allegear mei tachtich troch de bocht, want de prizen moasten ek noch útdield wurde. De lotsjes waarden tusken de partijen troch oan de man en de frou brocht. Sa kaam der wer wat jild yn it laadsje fan de ponghâlder.

    Yn de heechste klasse waard Jelle Wiersma kampioen. Dat wie ein febrewaris al dúdlik. De wikselbeker stiet grôtfol mei Jelle Wiersma. Hy is deagewoan fierwei de bêste Stadige Striker. Dit jier ferlear er net ien kear en moast er allinne twa kear kamp tastean. Ja dy Jelle hat in fin mear as in bears. Twadde waard good old Sjoerd Jan Bakker. Yn de begjinjierren fan de klup faak de grutske winner. Hy bleau it talint Willem Schaap moai foar, dy tredde waard.

    Yn de twadde klasse pakte Kees Willem Koopmans it earste plak. It kin mei him net op dit jier. Krijt er earst fan syn frou in pracht fan in dochter, siket er mei syn maat Ynte ek noch hiel wat ljipaaien op en giet boppedat mei de ferlotting mei n fracht prizen nei hûs. By guon rekket it mear nea fol. It oar jier moat er it besykje op it grutte húske. As dat mar net op stront útdraaid. Twadde waard hiel moai en degelik: Rients Winia. De man dy’t der sa’n foarstanner fan wie om yn twa groepen te damjen en dan allinne tsjin de eigen groep. No dat hat foar him fertuten dien, dat kin men wol sizze. En dan de tredde priis: ús nestor Bauke de Boer. Ferline jier siet er ek by de top en no wer. Nee dy De Boer, lit dy mar kuierje. Net altiten, mar hy is faak noch hiel skerp.

     

    De folsleine útslach fan de kompetysje.

    Earste klasse.

    1. J. Wiersma  14 út 15

    2. S. J. Bakker 9 1/2 út 15

    3. W. Schaap 7 1/2 út 14

    4. B. Dijkstra 6 1/2 út 14

    5. T. Goedemoed 6 út 8

    6. C. Kooistra 6 út 15 

    7. Y. Boelens 5 út 15

    8. D v/d Meer 4 út 13

    9. Y. Dijkstra 3 1/2 út 14

     

    Twadde klasse.

    1. K. W. Koopmans 14 út 13

    2. R. Wijnia 11 út 16

    3. B. de Boer 10 1/2 út 17

    4. H. Postma 9 út 16

    5. H. de Haan 8 1/2 út 17

    6. B. Bos 8 1/2 út 18

    7. S. Kalsbeek 7 út 18

    8. T. Wiersma 6 1/2 út 17

    9. T. Teigeler 3 út 18

     

    De droege woarsten foar de neikompetysje wienen by de winners tige wolkom. 1 Sjoerd Jan Bakker; 2 Jelle Wiersma; 3 Cor Kooistra. Yn de twadde groep gyngen de folgjende Strikers mei woarst oan de haal: 1 Bauke Bos; 2 Tsjerk Wiersma; 3 Hennie de Haan.



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Lip en partners
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Narwal
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch