• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Foeke Tiemensma wint Grutmastertoernoai

     

    It Frjentsjerter grutmastertoernoai is oertsjûgjend wûn troch Foeke Tiemensma. Hy wûn alle trije partijen. De útslaggen fan 'e earste omloop op tongersdeitejûn 24 april wiene:

     

    Teake Kooistra - Jelle Wiersma: 0 - 1

    Folkert Groenveld - Foeke Tiemensma: 0 - 1

     

    Op sneon 26 april waard it toernoai oerdei fuortset. Prachtige partijen wiene der yn de siktariskeamer fan it stedhûs. Folkert Groenveld (swart) moast it nei in drege partij tsjin Jelle Wiersma (wyt) ferlieze. Jelle koe mei in tûke ôfruil trochbrekke, en doe wie it gau beslikke. Teake Kooistra (swart) hie in moai spul tsjin Foeke Tiemensma (wyt). Foeke sette alles yn 'e midden op, en der wie neat fan te sizzen wa't better stie. Op ’e 23ste set ferseach Teake him, en koe Foeke in kreas damsetsje úthelje.

     

    Yn ’e lêste omloop moast Teake mei wyt tsjin Folkert. Nei in wylde partij loek Teake krekt oan 'e langste ein. Foeke moast mei wyt tsjin Jelle. De mannen holden it lang fol, mar lang om let moast Jelle belies jaan.

     

    Sa kaam de folgjende einstân te foarskyn:

    1: Foeke Tiemensma, 3 punten

    2: Jelle Wiersma, 2 punten

    3: Teake Kooistra, 1 punt

    4: Folkert Groenveld, 0 punten

     

    Alle partijen wiene te folgjen op toernooibase.kndb.nl. Under it toernoai hat de website sa'n 1250 hits hân.

     

    Yn it ramt fan it grutmastertoernoai wiene ek ynternasjonale spilers útnoege om yn 'e kunde te kommen mei it Fryske spul. Under harren wrâldkampioen Alexandr Georgiev en syn útdager Jean Marc Ndjofang. Sy spilen in eigen toernoai. It foel op, dat de ynternasjonale spilers hiel hurd sterker waarden. Yn it begjin waarden der noch ienfâldige slachjes oer de kop sjoen, mar yn ’e fjirde omloop kamen der al deeglike stannen op it boerd dy't spannend bleaune oan 'e ein ta. Dit binne de útslaggen:

     

    1e omloop:

    Hans Jansen - Aleksander Georgiev: 1 - 0

    Vaclav Crista - Jean Marc Ndjofang: 0 - 1

    Patrick Casaril - Macoud N'diaye: 0 - 1

    Auke Zylstra - Aleksej Domchev: 1 - 0

     

    2e omloop:

    Aleksander Georgiev - Vaclav Crista: 1 - 0

    Jean Marc Ndjofang - Hans Jansen: 0 - 1

    Macodou N'diaye - Auke Zylstra: 0 - 1

    Aleksej Domchev - Patrick Casaril: 1 - 0

     

    3e omloop:

    Aleksander Georgiev - Aleksej Domchev: 1 - 0

    Jean Marc Ndjofang - Macoud N'diaye: 0 - 1

    Hans Jansen - Auke Zylstra: 1 - 0

    Vaclav Crista - Patrick Casaril: 1 - 0

     

    4e omloop:

    Vaclav Crista - Aleksej Domchev: 1 - 0

    Patric Casaril - Aleksander Georgiev: 0 - 1

    Auke Zylstra - Jean Marc Ndjofang: 1 - 0

    Hans Jansen - Macodou N'djaye: 1 - 0

     

    5e omloop:

    N'diaye - Krista: 1-0

    Ndjofang - Casaril: 1-0

    Domchev - Jansen: 0-1

    Georgiev - Zylstra: 1-0

     

    6e omloop:

    Zylstra - Krista: 1-0

    Jansen - Casaril: 1-0

    Ndjofang - Domchev: 0-1

    N'diaye - Georgiev: 0-1

     

    7e omloop:

    Georgiev - Ndjofang: 1-0

    Domchev - N'diaye: 0-1

    Krista - Jansen: 0-1

    Casaril - Zylstra: 0-1

     

    Dat joech dizze einstân:

    1: Hans Jansen: 7 punten

    2: Aleksandr Georgiev: 6 punten

    3: Auke Zijlstra: 5 punten

    4: Macodou N'diaye: 4 punten

    5, 6 en 7: Jean Marc Ndjofang, Aleksey Domchev, Vaclav Krista: 2 punten

    8: Patrick Casaril: 0 punten

     

    Hans Jansen waard dus fertsjinne en oertsjûgjend winner. It liket der wol op, dat de ûnderfining hjir meispilet: Hans Jansen wie der ferline jier ek al by, en wie yn jannewaris gastdammer by De Rûge Wolf yn Easterein, krekt as Macodou N'diaye. Auke Zijlstra koe it Fryske damjen noch út syn jonge jierren. Nammerste yndrukwekkender is de prestaasje fan Aleksandr Georgiev, dy't it spultsje no hielendal foar it earst die, en twadde waard! Alle acht ynternasjonale spilers ferklearren nei ôfrin, dat se it Fryske spul ien fan de nijsgjirrichste damfarianten fûnen, en dat se hopen dat der foar it Fryske spul yn 'e takomst mear bekendheid en in bredere beoefening komme sil.

     

    De sneontemiddeis waard foar elkenien noch in einspultoernoai fan fiif tsjin fiif holden. Dat

    wie ek tige de muoite wurdich, benammen de partijen tusken de ynternasjonale dammers en Fryske dammers mei mear of minder ûnderfining. Hans Jansen wie dochs te ferslaan, sa die bliken. De ynternasjonale dammers einigen troch de bank krekt wat boppe de middenmoat. De boppeste trije plakken moast noch in kear om damd wurde. Hjirûnder de einstân, en de útslaggen.

     

    Einstân einspultoernoai (5 tsjin 5 houtsjes):

     

    1 Cor Kooistra 5 punten 1e priis eareklasse Frysk spul

    2 Sjoerd Couperus 5 punten 2e priis eareklasse Frysk spul

    3 Hein de Vries 5 punten

    4 Jouke Algra 4,5 punten 1e priis haadklasse Frysk spul

    5 Aleksandr Georgiev 4 punten 1e priis ynternasjonaal groep 1

    6 Auke Zijlstra 4 punten 2e priis ynternasjonaal groep 1

    7 Jan Nauta 4 punten 1e priis 1e en 2e klasse Frysk spul

    8 Aleksej Domchev 4 punten 1e priis ynternasjonaal groep 2

    9 Bauke Dykstra 3 punten 2e priis haadklasse Frysk spul

    10 Tsjerk Wijbenga 3 punten

    11 Sake Steinvooren 3 punten 1e priis 1e en 2e klasse Frysk spul

    12 Tsjalling van den Bosch 3 punten 1e priis nije dammers Fryks spul

    13 Liuwe Westra 2,5 punten

    14 Hans Jansen 2,5 punten

    15 Rindert Walinga 2,5 punten

    16 Vaclav Krista 2,5 punten 2e priis ynternasjonaal groep 2

    17 Jean Marc Ndjofang 2,5 punten

    18 Macodou N'diaye 2,5 punten

    19 Koop de Vries 2,5 punten 2e priis nije dammers Frysk spul

    20 Patrick Casaril 2 punten

    21 Jeljer Westra 2 punten

    22 Herman Bakker 2 punten

    23 Sjoerd Ferwerda 1 punt

    24 Anne de Boer 1 punt

     

    1e omloop:

    Jansen - Dykstra 0-1

    Algra - Georgiev 1-0

    Zijlstra - Nauta 1-0

    J. Westra - N'diaye 1-0

    Krista - Walinga 0-1

    Steinvooren - Ndjofang 1-0

    Domchev - K. de Vries 0-1

    Ferwerda - Casaril 0-1

    Couperus - Van den Bosch 1-0

    De Boer - Kooistra 0-1

    Wijbenga - Bakker 1-0

    L. Westra - H. de Vries kamp

     

    2e omloop:

    Dykstra - Zijlstra 1-0

    Casaril - Algra 0-1

    Walinga - Couperus 0-1

    Kooistra - J. Westra 1-0

    K. de Vries - Wijbenga 0-1

    H. de Vries - Steinvooren 1-0

    Georgiev - L. Westra 1-0

    Nauta - Jansen 1-0

    N'diaye - Ferwerda 1-0

    Van den Bosch - Krista 0-1

    Ndjofang - De Boer 1-0

    Bakker - Domchev 0-1

     

    3e omloop:

    Couperus - Dykstra 1-0

    Wijbenga - Kooistra 0-1

    Algra - H. de Vries 0-1

    Casaril - Georgiev 0-1

    Zijlstra - Walinga 1-0

    Steinvooren - N'diaye 1-0

    Krista - K. de Vries 1-0

    J. Westra - Ndjofang 0-1

    Domchev - Nauta 1-0

    L. Westra - H. Jansen kamp

    Ferwerda - Bakker 0-1

    De Boer - Van den Bosch 0-1

     

    4e omloop:

    Kooistra - Couperus 1-0

    H. de Vries - Zijlstra 1-0

    Georgiev - Wijbenga 1-0

    Dykstra - Krista 1-0

    Ndjofang - Algra 0-1

    Steinvooren - Domchev 0-1

    N'diaye - Walinga 1-0

    K. de Vries Casaril kamp

    Nauta - L. Westra 1-0

    Van den Bosch - J. Westra 1-0

    Jansen - Bakker 1-0

    De Boer - Ferwerda 0-1

     

    5e omloop:

    H. de Vries - Kooistra kamp

    Domchev - Georgiev 0-1

    Algra - Dykstra 1-0

    Couperus - N'diaye 1-0

    Zijlstra - Steinvooren 1-0

    Krista - Nauta 0-1

    Wijbenga - Ndjofang 1-0

    Casaril - Van den Bosch 0-1

    Jansen - K. de Vries 1-0

    Bakker - J. Westra 0-1

    Ferwerda - L. Westra 0-1

    Walinga - De Boer 0-1

     

    6e omloop:

    Kooistra - Algra kamp

    Georgiev - Couperus 0-1

    Dykstra - De Vries 0-1

    Van den Bosch - Zijlstra 0-1

    Nauta - Wijbenga 1-0

    Domchev - Jansen 1-0

    N'diaye - Krista kamp

    Ndjofang - Walinga kamp

    J. Westra - Steinvooren 0-1

    L. Westra - Casaril kamp

    K. de Vries - Ferwerda 1-0

    Bakker - De Boer 1-0

     

    Beslútpartijen:

    Hein de Vries - Sjoerd Couperus kamp

    Cor Kooistra - Hein de Vries 1-0

    Sjoerd Couperus - Cor Kooistra kamp

     

    It grutmastertoernoai krige gâns omtinken yn 'e parse. Omrop Fryslân hold in fraachpetear mei Jean Marc Ndjofang, dat útsjoerd waard yn it programma Bynt. Ek de provinsjale kranten hiene wiidweidige reportaazjes.

     

     

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Noflik
    • D. Kuipers
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Walinga
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch