• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Sjoerd Couperus sterkste feteraan

    Oan it 55plus-toernoai, dat op tiisdei 15 april yn Blauhús ferspile is, diene 16 dammers mei. Eins wiene it 15. Hennie de Haan fertsjintwurdige nammentlik it froulike elemint, en sy is dus earder in damster as in dammer. Hawar, de 16 oanwêzigen hawwe sa oan 'e ein fan it seisoen noch even geweldich striid levere, en der in prachtige dammiddei fan makke.

     

    Mei 16 dielnimmers koene der moai fjouwer groepen makke wurde. De earste groep, mei de op papier sterkste dammers, waard wûn troch Sjoerd Couperus. Knap wurk foar in man dy't de leeftiid fan 55 al hiel lang en breed efter him litten hat! Couperus fersloech syn mei-Snitsers Sjoerd Jan Bakker en Augustinus van der Goot, en dat binne dochs wier gjin lytse jonges op damgebiet. Allinnich tsjin Cor Kooistra moast er in remize tastean. Mar Cor koe tsjin de oaren gjin potten brekke. Tsjin Bakker waard it noch kamp, en dat wie net genôch foar in oranjekoek.

     

    Yn 'e twadde en tredde groep wie it wat in nuver spultsje. Sjouke Schilstra en Beke Haanstra bakten der dêr neat fan, en de rest helle allegearre twa oerwinnings. Dat betsjutte dat der foar de einstannen lotte wurde moast. Dat wie yn 'e fjirde groep net nedich: Gaastmarder Klaas van der Goot wie dêr mei trije oerwinnings oppermachtich. En Hennie de Haan bleau hjir gelokkich net sûnder punten.

     

    Nei ôfrin joegen de dielnimmers oan dat se graach troch wolle mei it 55plus-damjen. De opset - twa kear yn it jier yn it gastfrije Teatskehûs - foldocht skoan. En de ferneamde oranjekoeken fan 'e Blauhúster bakker falle der altyd wol yn.

     

    Einstannen groep ien: Sjoerd Couperus 2,5 punten; Sjoerd Jan Bakker 1,5; Cor Kooistra 1; Augustinus van der Goot 1.

    Groep twa: Bauke Dijkstra 2; Sjouke de Boer 2; Gerrit Schilstra 2; Sjouke Schilstra 0.

    Groep trije: Piet Sikma 2; Rients Wynia 2; Klaas Wiersma 2; Beke Haanstra 0.

    Groep fjouwer: Klaas van der Goot 3; Jan Nauta 2; Hennie de Haan 1; Sietse Sieswerda 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Walinga
    • Narwal
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch