• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Alve berjochten op de WhatsApp en gjin dammers?

    Skearnegoutum. Sûnt ferline wike, doe’t de Stadige Strikers wer út ein gien binne mei it nije damseizoen, ha se no ek har eigen groeps-app. Op de jierfergadering kaam sa’n app ynienen mei in soad kabaal op tafel. Bauke Bos wie ien fan de foaroanmannen om dy app even gear te stallen. Elke dammer mei in smartfoan of oare foan waard kreas yn de groep ynplend. No ha wy de Stadige Strikers app. In wike letter kaam it iene appke nei it oare  binnen rûgeljen. Al dy appkes hienen it selde boadskip: Ik kom jûn net. De foarsitter waard der suver wat raar fan yn ‘t liif: allegear epkes, mar suver gjin dammers.

    Grut wie dêrom de ferrassing, doe’t de jûns trije net ferwachte gesichten it Swettehûs ynstuiterjen kamen. Dicky van der Meer, dy’t hast hielendal net damje soe dit jier. Lyksa Sven Kalsbeek. Dy koe troch staazje net damje sa waard dat troch oaren meidield, ferline wike. Hy wie der wol. En dêr stapte ynienen ek Jacob  Visser de seal binnen. No dy seal waard op slach folle fleuriger! Dat kin men fan tinken wol ha. In tige tûke dammer der by.  As nije wike de thúsbliuwers ek komme, ha wy in moai oantal Strikers. Dan telle wy noch net de jingen, dy’t der eins ek wol wêze woenen, mar noch net rjocht út de rie binne of se no wol of net sille.

    Harry Postma hie al oan jûn, dat er dit jier graach yn de heechste groep damje woe. Ferline jier hat er noch yn in “wanhoopspoging” besocht om earste te wurden yn de twadde groep. Mar dy simultaan mislearre eins. Moandeitejûn liet er sjen dat er der wol by heart. Hy liet yn in prachtige striid Willem Schaap de grize oer de grouwe gean. Mei in kop as fjoer en hast gjin tiid mear op de klok pakte Willem noch royaal kamp, dat wol. Wat stûn it der oars wyld op en wat sieten der in flypflappen yn. Harry  hie, it wie net te leauwen, folle mear tiid as Willem. Dochs rûn dy tiid him yn it einspul as sûkersân troch de fingers hinne. It waard kamp en dêr koe elk it wol mei iens wêze.

    De foarsitter tocht in rêstich jûntsje te hawwen. It oantal dammers wie ûneven. “Slaan my dan mar oer jûn!” sa spriek er. Doe kaam Jacob binnen en koe er dochs oan de bak. Hy hie wat gelok, dat er nei mear as in kertier tinken mei in grutte ôfruil in houtsje foar kaam. Nei dat ôfruiljen hat Visser besocht om wer lyk te kommen, mar dat slagge net. Kooistra moast goed op syn tellen passe, want Jacob siket heel sekuer alle mooglikheden út. In ferkeard streekje hie er sa ôfstraft.

    Trije potsjes spilen se sabeare. De grutte learmaster Tsjerk Wiersma joech yn dy partijtsjes syn tsjinstanster Marjolijn Bakker damles. It fjirde potsje jilde foar de kompetysje. Dat wie rillegau út en de stikjeskriuwer hie de ien foar Tsjerk moai op skreaun. Letter sei Marjolijn: “Dit is in moai puntsje foar my!” “Foar dy?” “Ja, foar my” sei in strieljend gesicht foar him.

    Utslaggen. Tsjerk Wiersma – Marjolijn Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0; Sven Kalsbeek – Bauke Bos 0 – 1; Rients Winia – Tineke Teigeler 1 – 0; Willem Schaap – Harry Postma ½  - ½; Jacob Visser – Cor Kooistra 0 – 1.

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Repko Sneek
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    Dizze webside is mei mooglik makke troch